한국   대만   중국   일본 
Abrams Books - Wikipedy Springe nei ynhald

Abrams Books

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Abrams Appleseed )
Abrams Books
algemien
hist. namme Harry N. Abrams, Inc. (HNA)
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor utjouwerij
haadkertier New York ( New York )
oprjochte 1949
oprjochter Harry N. Abrams
eigner La Martiniere Groupe
offisjele webside
www.abramsbooks.com

Abrams Books , foarhinne Harry N. Abrams, Inc. (HNA), is in Amerikaanske utjouwerij fan keunstutjeften , coffee table books , printeboeken , berneboeken , jeugdliteratuer en kantoar- en skriuwnedichheden . It bedriuw is in dochterundernimming fan 'e Franske utjouwersgroep La Martiniere Groupe . Abrams bringt jiers likernoch 250 publikaasjes ut en hat in funskatalogus dy't mear as 3.000 leverbere titels omfettet. Dernjonken fersoarget Abrams ek de distribusje foar publikaasjes fan it Victoria and Albert Museum , Tate , Vendome Press (yn Noard-Amearika ), Booth Clibborn Editions , SelfMadeHero , MoMA Children's Books en 5 Continents .

Skiednis [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Abrams Books waard yn 1949 oprjochte troch utjouwer Harry N. Abrams under de namme Harry N. Abrams, Inc. It wie de earste utjouwerij yn 'e Feriene Steaten dy't him talei op 'e gearstalling en it utjaan fan keunstboeken . Yn 1966 waard it bedriuw oankocht troch Times Mirror , mar Harry Abrams behold de posysje fan direkteur . Nei't hy yn 1977 mei pinsjoen gien wie, waard de utjouwerij oant jannewaris 2001 laat troch Paul Gottlieb . Underwilens wie Abrams yn 1997 oernommen troch de Franske La Martiniere Groupe . De nammeferoaring fan Harry N. Abrams, Inc. yn Abrams Books fun omtrint 2010 plak. Yn 2018 kocht Abrams de lytse utjouwerij The Overlook Press oan.

Ymprints [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Abrams Books
Publisearret yllustrearre boeken oer keunst , fotografy , de poadiumkeunsten , moade , binnendoararsjitektuer , natoer en wittenskip .
Abrams Appleseed
Oprjochte yn 2012 . Publisearret printeboeken en kleurboeken foar bern oant fiif jier.
Abrams Books for Young Readers
Publisearret printeboeken en yllustrearre non-fiksje foar bern fan 2 oant 8 jier.
Abrams Comicarts
Publisearret grafyske romans en yllustrearre boeken oer striptekeners en de skiednis fan strips en tekenfilms .
Abrams Image
Oprjochte yn 2006 . Publisearret yllustrearre en net-yllustrearre boeken oer muzyk , humor , moade en popkultuer .
Abrams Noterie
Publisearret kantoar- en skriuwnedichheden en kadopapier fan hege kwaliteit y.g.m. skriuwers , keunstners en festige merken .
Abrams Press
Publisearret biografyen , autobiografyen en narrative non-fiksjewurken dy't ferban halde mei keunst , kultuer , iten , styl , design , skiednis , de aktualiteit , wittenskip en technology .
Amulet Books
Publisearret romans , grafyske romans en non-fiksje foar opgroeiende bern en jongfolwoeksenen .
Amulet Paperbacks
Publisearret itselde soarte boeken as Amulet Books, mar dan as paperbacks . Derby giet it om sawol oarspronklike utjeften as werprintingen .

Keppelings om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .