한국   대만   중국   일본 
Abia fan Juda - Wikipedy Springe nei ynhald

Abia fan Juda

Ut Wikipedy
Kening Abiam (ek: Abia)

Abia ( Hebriuwsk : ????; Latynsk : Abiam ; "heit fan de see", " JHWH is myn heit") wie de soan fan Rechabeam en pakesizzer fan kening Salomo . Abiam waard de twadde kening fan Juda en syn regear foel tusken 913 f.Kr. en 910 f.Kr.

Neffens it Alde Testamint wie Abiam krekt as syn heit net trou oan de God fan Israel. Hy wie God net lykas syn foarfaar David mei hiel it hert tawijd en fereare ek nochris Kanaanityske goaden. [1]

Tidens syn regear krige Juda oarloch mei Israel . Opfallend wie doe Abiam's oanhinklikens fan de God fan Israel en hy beskuldige oan it begjin fan de fjildslach Israel der fan dat hja harren fan Him ofkeard hiene. Nettsjinsteande Israel's grutte oermacht en dat Juda ynsletten wie troch it leger fan kening Jerobeam , fersloech Abiam Israel mei glans. Trije steden waarden troch him ynnommen en it slagge Israel net mear tidens it regear fan Jerobeam om de klap te boppe te kommen. [2]

Abiam hie 14 froulju, by wa't hy 22 soannen en 16 dochters hie. Hy waard nei in regear fan trije jier opfolge troch syn soan Asa . [3]

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 Keningen 15:3
  2. 2 Kroniken 13:1-19
  3. 2 Kroniken 13:21-23