한국   대만   중국   일본 
Aartshartoch - Wikipedy Springe nei ynhald

Aartshartoch

Ut Wikipedy

Aartshartoch is in aadlike titel dy't leger fan stan is as kening , mar heger as hartoch en ( soeverein ) prins of foarst , mei likernoch deselde hichte as grutfoarst en gruthartoch . In froulike aartshartoch of de frou fan in aartshartoch is in aartshartoginne . It gebiet der't in aartshartoch oer hearsket, is in aartshartochom . It wurd 'aartshartoch' komt oarspronklik ut it Dutske taalgebiet en waard gearstald ut it Grykske foarheaksel ?ρχι-, archi , dat safolle betsjut as " gesachhawwend " en it Dutske Herzog , dat oan it begjin fan 'e Midsiuwen in oantsjutting foar in militer lieder wie, mar geandewei in aadlike titel waard.

'Aartshartoch' wie fan 1358 of de titel fan 'e hearskers oer Eastenryk ut it Hus Habsburch , en waard letter troch alle leden fan dy dynasty droegen. Inkeld bern ut morganatyske houliken hiene dat rjocht net; dy wiene ' greve ' of ' grevinne ' fan Habsburch. Ek tsjintwurdich noch fiere telgen ut it Hus Habsburch de titel 'aartshartoch'. Men sprekt derom yn dit ferban ek wol fan it 'Aartshus Habsburch' of it 'Aartshus fan Eastenryk'. Ek de kening fan Spanje is om histoaryske redens in aartshartoch fan Eastenryk, mar brukt dy titel net.

Buten Eastenryk wurdt de titel 'aartshartoch' yn it Dutsk , Nederlansk , Frysk en guon oare talen gauris brukt foar de net-regearjende leden fan it Hus Romanov , fan 'e tsaren fan Ruslan . Harren titel wurdt lykwols ek wol oerset as 'gruthartoch'.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .