A.L. Snijders

Ut Wikipedy
A.L. Snijders
skriuwer
Snijders yn 2018
Snijders yn 2018
persoanlike bysunderheden
berne 1937
berteplak Amsterdam
stoarn 2021 (83 jier)
stjerplak Klein Dochteren
wurk
taal Nederlansk
sjenre tige koart ferhaal , kollumn
utjouwer Thomas Rap, AFdH
prizen Constantijn Huygens-priis
offisjele webside
DBNL-profyl

A.L. Snijders , pseudonym fan Peter Cornelis Muller ( Amsterdam , 24 septimber 1937 ? Klein Dochteren under Lochem , 7 juny 2021 ), wie in Nederlanske learaar en skriuwer . Hy beoefene it literer sjenre dat it 'tige koarte ferhaal' ( zeer korte verhaal , (tkf/zkv) neamd wurdt.

Libben en wurk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

A.L. Snijders studearre Nederlansk oan de Universiteit fan Amsterdam en wie tusken 1965 en 1998 as learaar Nederlansk wurksum op ferskate middelbere skoallen en de plysjeskoalle 'De Cloese' yn Lochem. As skriuwer debutearre er yn 1992 mei Ik leef aan de rand van de wereld . Hy makke dernei furoare as auteur fan kollums (under oare by Het Parool) en stiet no bekend as ien fan de skriuwers spesjalisearre yn it tige koarte ferhaal. Yn 2006 ferskynde yn de rige fan de Stichting De Roos it boek L.H. en A.L. / A.L. en L.H., dat er tegearre mei de auteur L.H. Wiener skreau. Yn itselde jier ferskynde by AFdH Uitgevers de earste zkv-bondel, mei de titel Belangrijk is dat ik niet aan lezers denk mei in foaropwurd fan Tommy Wieringa . Deryn binne 336 tkf's sammele. De bondel waard yllustrearre troch syn jongste soan, Gijs Muller (1971). Yn 2010 krige er de Constantijn Huygens-priis foar syn hiele oeuvre . Sunt 2012 wurdt der in A.L. Snijderspriis utrikt foar ferhalen fan maksimaal 220 wurden.

Hy lies wykliks in eigen tkf foar yn it VPRO-radioprogramma De Avonden , oant dat yn desimber 2013 opheft waard. Hy lies syn ferhalen ek foar yn it KRO-NCRV-radioprogramma De Ochtend van 4 , op sneintemoarn. Hy wie geregeld te gast op ferskate literere poadia.

Sunt 11 maaie 2015 publisearre A.L. Snijders alle wiken in tkf yn DS Weekblad, in wykeinbylage by de Belgyske krante De Standaard . Yn itselde jier makke er foar Nederland Leest in karlezing mei fjirtich koarte ferhalen fan oaren, as 'staalkaart' fan de Nederlanske literatuer. Dy ferskynde yn novimber 2015. Ek skreau er jierrenlang tkf's foar de VPRO-gids.

Bibliografy [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

  • Ik leef aan de rand van de wereld , 1992
  • Het kalme glijden van de boot naar de waterval , 1992
  • De taal is een hond (Berichten aan een hoofdredacteur) , 1993
  • De incunabel , 1994
  • Ik ben de vreemdeling die naar de herfst moet gaan: over woorden, dichtregels en boeken , kollumns , 1997
  • Niets is zo mooi als nutteloze kennis , 1998
  • Lood: zkv 2003 , 2002
  • Belangrijk is dat ik niet aan lezers denk , 2006
  • Heimelijke vreugde , 2007
  • Zomerboek 2008
  • Bordeaux met ijs , 2008
  • De Mol , 2008
  • Een handige dromer , 2009
  • Vijf bijlen , 2010
  • Opmerkingen , 2010
  • Broer , 2010
  • Paard , 2010
  • Een handige dromer. Een keuze uit de zkv's 2009-2010 , 2010
  • Voordeel schutter: columns en brieven , 2011
  • Danslessen voor gevorderden , mei Willem Snitker, 2011
  • De incunabel , 2011
  • De geur van carbolineum: boerenschuren op erf en land , mei Lyde de Graaf, 2011
  • Brandnetels & verkeersborden: 194 zkv's , 2012
  • Ruim water: columns en brieven , 2012
  • Dode kat , 2012
  • Wapenbroeders: 131 zkv's , 2013
  • Kuikens: 3 zkv's , 2013
  • De hartslag van de aarde: dertien zkv's over muziek en stilte , 2013
  • Paspoort: zeer kort verhaal , 2014
  • WFH , 2014
  • De libelleman , 2015
  • De schrijfmachine van mijn grootvader , 2016 (Utj. De GeitenPers)
  • Het oog van de naald , 2018
  • Doelloos kijken , 2019
  • Tat Tvam Asi , 2021

Keppelingen om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: