한국   대만   중국   일본 
ΜTorrent - Wikipedy Springe nei ynhald

ΜTorrent

Ut Wikipedy
μTorrent
It logo fan μTorrent

Untwikkelder BitTorrent, Inc.
Meast resinte ferzje 3.4.3 (Bou 40760)/ 11 july 2015
Leste betaferzje 3.4.3 (Beta; bou 40786)/ 21 july 2015
Platfoarm Android , Linux (alfa), OS X , Windows
Kategory BitTorrent-kliint
Lisinsje Adware
Webstee (ned) www.utorrent.com

μTorrent (les: mikroTorrent) is in BitTorrent-kliint dy’t under Windows en Mac OS X draait. De oarspronklike ferzje is ut 2005 . It is in lytsere fariant fan it programma BitTorrent en bedoeld om tige grutte oantallen bitten oer te dragen/yn te laden. μTorrent falt op troch syn yn ferhalding beheinde bruken fan unthald en sintrale-ferwurkingsienheid (cpu), wylst er dochs genoch mooglikheden biedt. It programma dat de utfiering fersoarget is tige kompakt, de hjoeddeiske ferzje (1.8.1, oktober 2008) is sa’n 263 kilobyte. De μTorrent jout de mooglikheid om mei in Frysktalige ynterfaasje te wurkjen. In tiid lang wie it mooglik om it Frysk as ynterfaasjetaal it te ynladen.

Bitstream [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

De namme ‘BitTorrent’ soenen jo nei it Frysk ta oersette kinne as bitstream. It is sa’n bytsje programmatuer dat de totale stream(en) fan in tige grutte bitoerdracht under kontrole haldt. By dy 'klotsende' bitoerdracht is jo kompjuter sawol kliint as tsjinner. Jo kompjuter biedt fan de krekt ynladen bitten gelyk wer in kopy oan, om troch in oare kompjuter ynladen te wurden. Op dizze wize hoecht net eltsenien alle materiaal fan de oarspronklike boarne te heljen en wurdt dy net oerbeleste. De kompjuter dy't dat hiele proses oan de gong besiket te halden, wurdt 'tracker' neamd.

Opsjes [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

It programma biedt de bruker detaillearre opsjes, ynformaasje en oanpasmooglikheden. Under it ynladen fan in torrent kinne jo under oaren de neikommende ynformaasje sjen:

  • hokker triemmen al ynladen binne,
  • hokfoar persintaazje fan eltse triem en/of partsje noch gearfoeging fereasket en de beskikberens fan dy triem,
  • fan wa jo ynlade, har ynlaad- en oplaadsnelheden, har IP-adres, har poarte en har kliint,
  • ynlaad- en oplaadsnelheid, resttiid, triemkar en tracker-ynformaasje.

Oersetting nei it Frysk [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Yn 2006 is μTorrent nei it Frysk oerset. Yn de lytsere Android-ferzje sitte gjin oersettingen.

Sjoch ek [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]