한국   대만   중국   일본 
Unmeilydsumens - Wikipedy Springe nei ynhald

Unmeilydsumens

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Unmeilydsumens )

Unmeilydsumens is in gemoedstastan of karaktereigenskip werby't men neat jout om 'e gefoelens , de belangen en/of it lichaamlik wolwezen fan oaren. It is it tsjinstelde fan begrutsjen . [1] It byhearrend eigenskipswurd is unmeilydsum . Synonimen derfan binne: herteleas, hertlau, hurd, hurdhertich, strus of strus, strusk, unbarmhertich, unferbidlik, ungefoelich, unmeigeand, unmurfber of unmorfber en unoandwaanlik. Unmeilydsumens is net itselde as unferskilligens of wredens , hoewol't it der wol reitsflakken mei hat.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de , en Sijens, Hindrik , Frysk Hanwurdboek , Ljouwert, 2008 ( Fryske Akademy ), ISBN 978-9 06 27 37 901 , s. 2189.