한국   대만   중국   일본 
Bedriuw - Wikipedy Springe nei ynhald

Bedriuw

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Undernimming )

In bedriuw is in organisaasje fan arbeid en kapitaal . As it rjochte is op it meitsjen fan winst , wurdt in bedriuw yn 'e regel in undernimming neamd. As in bedriuw taastbere produkten makket, sprekt men ek wol fan in fabrikant of in produsint. By de bedriuwsfiering (it runnen fan in bedriuw) binne ferskate persoanen belutsen. Derfan spylje de eigner , de undernimmer , de leveransier , de klanten en de konkurrinten by elts bedriuw in rol. Faak is by lytsere bedriuwen de eigner en de undernimmer deselde persoan. Gruttere bedriuwen hawwe ek wurknimmers , en op noch gruttere skaal komme der faak oandielhalders by.

Der kin underskie makke wurde tusken kommersjele en net-kommersjele bedriuwen, dy't ek wol profit-, resp. non-profitorganisaasjes neamd wurde. By kommersjele bedriuwen is der sprake fan in undernimming, werby't risiko's nommen wurde by it stribjen nei in nivo fan winst dat nedich is om it fuortbestean fan it oangeande bedriuw te garandearjen. Om 'e klanten op in sa effisjint mooglike wize te berikken en oan te sprekken, wurdt derby sekuer tocht om 'e saneamde 'fjouwer P's': priis, plak, produkt en promoasje. Tsjintwurdich sprekt men trouwens ek wol fan 'e 'trije P's': people ("minsken"), planet ("de planeet") en profit ("winst"). Derby wurdt dan yn it ramt fan duorsum undernimmen ek rekken holden mei de mearwearde en/of kosten fan in produkt foar minske , maatskippij en miljeu . By net-kommersjele bedriuwen, lykas non-profitorganisaasjes , non-guvernemintele organisaasjes en ferienings sunder winsteachmerk , is it stribjen nei it meitsjen fan winst net it (earste) doel, mar wurdt ynstee socht nei in nut of it wolwezen fan (in diel fan) 'e befolking.

By undernimmings en/of bedriuwen kinne ferskillende rjochtsfoarmen underskaat wurde. Eltse rjochtsfoarm hat oare wetlik festleine rjochten en plichten. In earste skieding dy't derby oanbrocht wurde kin, is dy tusken undernimmingsfoarmen en rjochtspersoanen . By persoanlike undernimmingsfoarmen is/binne de eigner(s) persoanlik oanspraaklik foar harren bedriuw, mei't der yn 'e juridyske sin gjin underskie bestiet tusken de persoan of persoanen fan 'e eigner(s) en it bedriuw. By rjochtspersoanen stiet it bedriuw yn juridyske sin los fan 'e eigner(s).

  • persoanlike undernimmingsfoarmen:
    • ienmanssaak : in bedriuw mei mar ien eigner, dy't foar eigen rekken wurket
    • maatskip : ferskate persoanen binne de eigner en wurkje yn it bedriuw mei-inoar gear
    • firma : ien of mear persoanen is/binne de eigner(s) yn in juridyske konstruksje dy't ofwykt fan in maatskip
  • rjochtspersoanen:

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .