Utjouwerij

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Utjouwerij )
De stand fan utjouwerij McGraw-Hill op in boekebeurs yn Boston .

In utjouwerij is in organisaasje dy't de skeakel foarmet tusken de skriuwer en it lezerspublyk, troch it utjaan fan boeken en tydskriften . By utwreiding wurdt it begryp ek tapast op oare media, faak mei dat medium as foarheaksel, bygelyks by in ' muzykutjouwerij ', dy't bledmuzyk utjout. Dejinge dy't it yn in utjouwerij foar it sizzen hat is in utjouwer . De measte utjouwerijen binne undernimmings , mar soms kin it ek om ferienings of stiftings gean. Trochdat yn it ferline utjouwerijen faak ienmansbedriuwen wiene, wurdt de oantsjutting utjouwer ek wol brukt foar de hiele organisaasje.

In utjouwerij begeliedt der't dat nedich is en/of op priis steld wurdt de skriuwer, en hat kontakten mei drukkers , boekhannels , nasjonale bibleteken , oersetters , ensfh. Nei underlinge oerienstimming mei de skriuwer publisearret de utjouwer it wurk yn kwestje. Meastentiids wurdt de skriuwer dan betelle neffens it tal ferkochte eksimplaren: de royaltys . De finansjele risiko's wurde op dy wize troch de utjouwer oernommen. By min rinnende utjeften krijt de skriuwer minder betelle en hat de utjouwer mear skea, by better rinnende utjeften springe se der beide goed ut. Ornaris kinne allinnich by goed rinnende utjeften de royaltys heech genoch wurde om 'e oeren dy't de skriuwer yn syn wurk stutsen hat, te fergoedzjen. It komt ek foar dat utjouwer en skriuwer yn 't foar in priis ofprate der't de royaltys mei ofkocht wurde. Der binne net in soad minsken dy't mei har kreativiteit in goede deihier fertsjinje kinne.

It kin by utjaan as aktiviteit om ferskate produkten gean: boeken , e-boeken , kranten , tydskriften en by utwreiding om cd's , dvd's , audioboeken , bledmuzyk , websiden , ensfh.. Binnen dy skiften spesjalisearje utjouwers har gauris. Sa binne der utjouwers dy't benammen berneboeken utjouwe, oaren dy't literatuer publisearje en wer oaren dy't wittenskiplike non-fiksje op 'e merk bringe. As yn in boek of oare publikaasje stiet: "utjun yn eigen behear ", of oare wurden fan dy strekking, dan wol dat sizze dat de skriuwer it sels op 'e merk brocht hat, sunder tuskenkomst fan in utjouwer. Foarhinne kaam dat nochal ris foar, benammen as de skriuwer gjin utjouwer fine koe dy't brea seach yn syn skriuwwurk. Tsjintwurdich binne der utjouwerijen dy't har talizze op it saneamde publishing on demand of P.O.D., in Ingelske jargonterm dy't safolle betsjut as "utjaan op oanfraach". By sokke utjouwerijen (yn Fryslan bgl. Utjouwerij Elikser ) wurde de saken omdraaid, en betellet de skriuwer de utjouwer foar it utjaan fan syn wurk.

Keppeling om utens [ bewurkje seksje | boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .