한국   대만   중국   일본 
Houlikspolityk - Wikipedy Springe nei ynhald

Houlikspolityk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Uthylkjen )
It arranzjearre houlik fan 'e Franske kening Loadewyk XIV
Antoine Dieu (om 1661?1727)

Houlikspolityk wie foarhinne in ferskynsel dat in protte brukt waard om middels en macht binnen in aadlik laach te halden of oanwinne te litten. Derby gie it om it beavensearjen fan in ferstanshoulik tusken leden fan twa aadlike famyljes binnen itselde lan of tusken twa foarstehuzen dy't regearren oer ferskillende lannen. Yn dat ferban wie de froulike partner yn 'e regel de swakkere partij, en spriek men sadwaande fan it uthylkjen fan in frou of famke. Foar de manlike partner waard dy term frijwol nea brukt.

In houlik dat ut sokke diplomatike regelings fuortkaam, wie altyd in arranzjearre houlik , mar hoegde net altyd ek leafdeleas te wezen of te bliuwen. It houlik tusken de Fryske steedhalder Willem IV en Anna fan Hannover , de dochter fan 'e Britske kening George II , dat op krekt sa'n wize ta stan kaam, wie bygelyks tige leafdefol. Faak troffen de beide partners it lykwols net sa goed, en libben se fierhinne byinoar lans. De manlike partner socht dan faak syn heil yn relaasjes mei metresses , en soms naam de froulike partner ek in minner.

Houlikspolityk is suver sa ald as de minskheid , en is yn 'e Westerske kultuer dokumintearre fan 'e iere Grykske Aldheid of. De myte oer Helena fan Troaje en har ungelokkige houlik mei kening Menelaos fan Sparta (foar't se utnaaide mei de Trojaanske prins Paris ) is wierskynlik it bekendste ferhaal oer houlikspolityk ut 'e Prehistoarje . Yn oare kultueren, lykas dy fan Mesopotaamje , Egypte , Sina , Yndia en Japan giet houlikspolityk teminsten likefier yn 'e skiednis werom.

Boarnen, noaten en referinsjes [ boarne bewurkje ]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .