- Optreden
wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch:
optreden (betsjuttingsside)
.
Teater is in
keunstfoarm
werby't artysten yn it iepenbier optrede ta
fermaak
fan it omsteand laach. Dat wurdt in
optreden
,
opfiering
of
foarstelling
neamd. Soks bart faak, mar net altyd, yn in derta ynrjochte
gebou
, dat ek fan
teater
neamd wurdt (hoewol't soms ek de wat deftiger klinkende oantsjutting
skouboarch
brukt wurdt). De
taskogers
moatte yn 'e regel betelje om in optreden by te wenjen, al is ek dat net altyd sa. It optreden kin bestean ut
toaniel
,
musical
,
ballet
,
opera
,
operette
, eksperimintele
dunsfoarmen
of
kabaret
. It wurd "teater" komt fan it
Aldgrykske
θ?ατρον,
theatron
, dat "in plak om ta te sjen" betsjut.