Owen Gleiberman
(
Lausanne
,
24 febrewaris
1959
) is in
Amerikaansk
filmkritikus
en
publisist
. Hy is de haadfilmkritikus fan it foaroansteande
tydskrift
Variety
.
Gleiberman, dy't fan
etnysk
Joadske
komof
is, waard yn
1959
yn it
Switserske
Lausanne
berne
ut
Amerikaanske
alden
. Hy waard
grutbrocht
yn
Ann Arbor
, yn 'e
Amerikaanske steat
Michigan
. Hy
studearre
oan 'e
Universiteit fan Michigan
.
Gleiberman begun syn
sjoernalistike
karriere
yn
1981
as
filmkritikus
foar de
krante
The Phoenix
, dy't utkomt yn trije
edysjes
yn
Portland (Maine)
,
Providence (Rhode Island)
en
Boston (Massachusetts)
. Der bleau er oant
1989
. Dernjonken publisearre er yn dy tiid ek yn
tydskriften
as
Premiere
en
Film Comment
. Yn
1990
gied er oan it wurk foar it bled
Entertainment Weekly
.
Gleiberman joech guon fan sammele
resinsjes
ut yn in bondel mei as
titel
Love and Hisses
("Leafde en Ssst", in
wurdboarterij
, mei ferwizing nei de stilte dy't yn 'e
bioskoop
betracht wurde moat, op
Love and Kisses
, "Leafde en Tuten").
Nei't er yn
2014
by
Entertainment Weekly
opholden wie, waard Gleiberman yn
maaie
2016
by it foaroansteande
tydskrift
Variety
oansteld as haadfilmkritikus, in funksje dy't er dielde mei
Peter Debruge
. Ek bekritisearret er films op 'e
radiostjoerders
NPR
en
NY1
. Hy is in lid fan 'e
New York Film Critics Circle
(NYFCC). Yn
2009
publisearre er under de
titel
Movie Freak
syn
autobiografy
, dy't utkaam by
Hachette Books
.