De
Opstanningstsjerke
(
Russysk
: Храм Спас на крови of Khram Spasa na Krovi; "Tsjerke fan 'e Ferlosser op it Bloed") is in monumint yn 'e
Russyske
sted
Sint-Petersburch
. De tsjerke wurdt ek wol
Bloedtsjerke
neamd, in namme dy't it krige om't tsaar
Alexander II
hjir op 13 maart 1881 fermoarde waard. De tsjerke waard neitiid as monumint ta oantinken fan 'e tsaar boud.
De katedraal leit oan it Gribojedovkanaal, net fier fan de
Nevski Prospekt
.
Op 13 maart 1881 waard tsjaar Alexander II by in tocht mei syn gefolch by it Gribojedovkanaal troffen troch in bomoanslach. Dy earste oanslach deade ien fan 'e kozakken dy't de tsaar beskermje moast, mar de tsaar sels oerlibbe sunder ferwunings en de dieder, dy't noch rop dat de tsaar him mar net te betiid ferheuge moast, waard oermastere. Yn 'e tizeboel dy't untstie slagge Ignacy Hryniewiscki der yn, in jonge studint fan goede komof, in granaat foar de fuotten fan 'e tsaar te smiten. De dieder fan dy twadde oanslach wie sels fuortendaliks dea. De tsaar ferstoar fanwegen de swiere ferwunings oan syn fuotten in pear oeren letter yn it
Winterpaleis
.
Fuort nei de dea untstie der op it plak fan 'e moard in tydlik monumint, wylst men plannen makke en jild ynsammele om ta oantinken fan 'e fermoarde tsaar in permanint monumint te bouwen. Besluten waard om it kanaal smeller te meitsjen, sa't de strjitte der't de tsaar oer hinne riden hie under it dak fan de tsjerke kaam te lizzen. Oan 'e oare ein fan it alter betinkt in skryn it krekte plak, der't de oanslach plak fun.
It wurk oan 'e tsjerke eine mar stadich en pas yn 1907 fun de foltoging fan it monumint plak. It bouwurk hie de Russyske steat doe 4,6 miljoen rubel koste, ien miljoen rubel mear as begrutte. De Bloedtsjerke is fan binnen mei likernoch 7500 m² oan moazaiken belein, in oerflak dat nei alle gedachten allinnich wurdt oertroffen troch de
Sint-Loadewykkatedraal
yn 'e
Amearikaanske
sted
Saint Louis
.
Op 27 april 1908 wijde metropolyt Anthoni de oan 'e Ibearyske ikoan fan de Mem Gods wijde
sakristykapel
njonken de tsjerke. Yn 'e kapel waarden
ikoanen
sammele ta neitins fan Aleksander II.
Yn 'e neidagen fan 'e
Russyske Revolusje
waard de tsjerke plondere en skeind. It
ateistyske
regear liet de tsjerke yn 1932 slute. Yn 'e kriichsjierren waard de tsjerke by it belis fan Leningrad brukt as
mortuarium
. Nei de
Twadde Wraldkriich
waard de tsjerke brukt as opslach foar griente, dat it bouwurk de sarkastyske bynamme 'Us ferlosser op 'e Ierpels' oplevere.
Yn july 1970 waard it behear fan 'e tsjerke oerdroegen oan 'e
Izaak-katedraal
en de tsjerke krige dermei in museale funksje. Ek waard der mei it jild, dat mei it museum fertsjinne waard, in begjin makke oan 'e restauraasje, dy't 27 jier duorje soe. Yn augustus 1997 waard de Bloedtsjerke wer iepene. In wijding fun net plak, om't it bouwurk nea as in permanint godshus funksjonearre hat en in monumint is ta neitins fan 'e fermoarde tsaar.
Yn 2005 waard utein set mei de rekonstruksje fan 'e Hillige of Keninklike Poarten, dy't yn de jierren 1920 folslein ferlern gyngen. Foar de rekonstruksje waarden alde ofbylden en tekeningen brukt. Op 14 maart 2012, it 129ste jier fan 'e moard op Alexander II, waarden de Hillige Poarten wer ynwijd troch de otterdokske biskop fan Sint-Petersburg.