It
oerflak
jout oan hoe grut in 2-diminsjonaal gebiet is. Dit kin it oerflak weze fan in
twadiminsjonale foarm
, mar ek dat fan in
trijediminsjonale foarm
.
De
SI
-ienheid fan in oerflak is de
kante meter
, m². Dizze is ofliede fan de SI-ienheid
meter
.
It oerflak fan inkele twadiminsjonale figueren:
- Oerflak fan in
fjouwerkant
: side × side.
- Oerflak fan in
rjochthoek
: lingte × breedte.
- Oerflak fan in
rut
: ½ × earste diagonaal × twadde diagonaal.
- Oerflak fan in
trijehoek
: ½ × basis × hichte.
- Oerflak fan in
sirkel
: π × striel²
It oerflak fan inkele trijediminsjonale figueren:
- Oerflak fan in
kubus
: 6 × side x side.
- Oerflak fan in
balke
: 2 × ((l × w) + (l × h) + (w × h)), weryn l, w en h steane foar de lingte, breedte en hichte fan in balke.
- Oerflak fan in
bol
: 4 × π × striel²
- Oerflak fan in
silinder
: 2 × π × r × (h + r), weryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de silinder.
- Oerflak fan in
kegel
: π × r × (r + √(r² + h²)), weryn de r de striel fan de sirkelfoarmige basis is, en h de hichte fan de kegel.