In
mingtaal
is in
taal
dy't fuortkomt ut it ferranen fan meastal twa, mar yn seldsume gefallen mear as twa boarnetalen. Dit proses is yn 'e regel it gefolch fan in sitewaasje fan
twataligens
werby't de sprekkers oarspronklik beide talen floeiend prate. Faak is it sa dat de mingtaal yn sa'n taalmienskip uteinlik ien fan 'e (of beide) boarnetalen folslein ferfangt. It untstean fan mingtalen komt fral foar yn isolearre taalmienskippen, yn
West-Jeropa
fral by groepen
Roma
en
wenweinbewenners
. Ek it
Biltsk
, dat untstien is troch de ferminging fan
Frysk
mei it oarspronklike
Sudhollansk
fan 'e (yn
Fryslan
fan oare
Hollansktaligen
isolearre) Bilkerts, is in mingtaal.
Trochdat se de eigenskippen fan beide boarnetalen hawwe, kinne mingtalen faak noch as in foarm fan 'e iene, noch as in foarm fan 'e oare taal klassifisearre wurde. Bygelyks it
Anglo-Romany
, dat in ferminging is fan it
Ingelsk
mei it
Romany
fan 'e Roma, is dudlik gjin
Yndo-Aryske
taal mear (lykas it Romany), mar klassifikaasje as in
Germaanske
taal (lykas it Ingelsk) is ek twifelich. It proses dat liedt ta it untstean fan in mingtaal is frij seldsum, en kin ek it untstean fan in nije
etnyske groep
ta gefolch hawwe.
Mingtalen moatte net betize wurde mei
pidgins
en
kreoalske talen
. In pidgin is in taal mei in sterk ferienfaldige
grammatikale
struktuer en in beheind
leksikon
, dy't troch nimmen as
memmetaal
sprutsen wurdt, mar untstiet as de leden fan twa underling unfersteanbere taalmienskippen mei-inoar besykje te kommunisearjen sunder dat se derby har taflecht nimme kinne ta in trede taal. Soks resultearret yn in mingfoarm fan 'e beide oarspronklike talen, werby't dy werombrocht wurde ta in tige simpele foarm. By it untstean fan mingtalen is fan sa'n ferienfaldiging lykwols gjin sprake, mei't de sprekkers beide boarnetalen floeiend behearskje. In kreoalske taal is in pidgintaal dy't sa wichtich wurdt dat er memmetaalsprekkers kriget, wat wer in taname fan kompleksiteit fan 'e grammatika en de omfang fan 'e wurdskat ta gefolch hat.