Mario
is in fideospulpersonaazje, untwikkele troch de Japanske Gamedesigner
Shigeru Miyamoto
en wurdt sjoen as de maskotte fan de
nintendo
. Der binne al mear as 200
fideospultsjes
der't er yn foarkomt sunt hy optocht waard troch syn untwerpers. Yn it earstoan wie it in 2D- personaazje foar de Nintendo NES. Letter ferskynden race spultsjes, puzelspultsjes, role-playingspultsjes, fjochtspultsjes, sportspultsjes en withoefolle oare kategoryen spultsjes mei Mario as haadrolspiler.
Mario is in lytse, grouwe Italiaanske leadgieter dy't yn it Mushroam Kingdom wennet der't hy de grutte held is; hy striidt hieltyd tsjin de kweade
King Bowser
dy’t alle kearen Princess
Peach besiket te kidneppen en it Muschroom Kingdom oernimme wol. Syn karakter kin omskreaun wurde as dapper en blier en hy ferrast syn fijannen mei de saneamde special moves. Hy wurket gauris gear mei syn broer Luigi en hat in relaasje mei Princess peach mario. Syn kweade dubelgonger hjit
Wario
.
Mario is de maskotte fan Nintendo en is hjoed de dei de meast ferneamde personaazje op it med fan fideospultsjes. Meiinoar binne der al mear as 285 miljoen Mariospultjses ferkocht,
der't de Mario-searje de bestferkeapjende fideospulrige ea mei is. Neist de platfoarmspultsjes der't er faak yn ferskynt, ferskynt Mario ek yn fideospultsjes yn oare sjenres sa as de Mario Kart race searje, mar ek de Nintendo arkade sportspultsjes lykas super mario RPG: Legend of the Seven Stars de mario tennisspultsjes en de mario golfsearje.
Nest de Mario RPG's as super mario, paper mario binne der tillefyzjeprograms,
films
,
strips
en withoefolle merchandising.