maginta
|
|
kleurkoordinaten
|
heksadesimaal
|
#FF00FF
|
RGB
ª (
r
,
g
,
b
)
|
(255, 0, 255)
|
CMYK
º (
c
,
m
,
y
,
k
)
|
(0, 100, 0, 0)
|
|
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)
|
Maginta
(fan it
Ingelske
magenta
) is in
kleur
dy't omskreaun wurde kin as pearzich
read
of readich
pears
of sels as
mauvich
karmozyn
. It wurdt ornaris as in
tint
fan
read
beskoge en makket gjin selsstannich diel ut fan it
spektrum
fan
sichtber ljocht
. Yn 'e
kleuresirkel
befynt maginta him healwei tusken read en
blau
yn. De
komplemintere kleur
fan maginta is
grien
. By
additive kleurminging
(bgl. op 'e
tillefyzjes
en kompjuterskermen) is maginta in
sekundere kleur
, dy't untstiet ut 'e minging fan
read
en
blau
ljocht
. By
subtraktive kleurminging
(bgl. yn 'e
druktechnyk
) is it lykwols in
primere kleur
, yn 'e mande mei
syaan
en
giel
en ornaris ek
swart
. De tint maginta dy't yn it
CMYK-kleursysteem
(fan subtraktive kleurminging) brukt wurdt, is lykwols readiger as de
webkleur
maginta, dy't eins persiis deselde tint hat as
foksia
. Kwa
tinten
rint maginta utinoar fan
auberzjine
, in soarte fan dunkerpears, oant it tige ljochte
mearkeroze
.
De kleur maginta wie it resultaat fan 'e
yndustriele
untwikkeling op it med fan 'e
syntetyske ferve
yn 'e midden fan 'e
njoggentjinde iuw
. Dy begun mei de
utfining
troch
William Perkin
fan
mauvine
yn
1856
, de earste syntetyske ferve op basis fan
aniline
. It unbdidige
kommersjele
sukses fan dy
ferve
en fan 'e nije kleur dy't dertroch untstie (
mauve
), ynspirearre oare
skiekundigen
yn
Jeropa
om sels ek te besykjen en untwikkelje nije anilineferven.
Yn
Frankryk
prebearre
Francois-Emmanuel Verguin
, de
direkteur
fan it gemysk
fabryk
Louis Rafard
by
Lyon
, ferskate formules ut ear't er ein
1858
of begjin
1859
aniline mong mei
koalstoftetragloride
. Der kaam in
readich
-
pearzige
kleur ferve ut fuort dy't er de namme
foksine
(
fuchsine
) joech, nei de kleur fan 'e
foksiablom
. Hy joech syn
baan
op en liet syn ferve produsearje troch it fervefabryk fan
Francisque
en
Joseph Renard
, dy't it yn
1859
op 'e merk brochten.
Datselde jier produsearren twa
Britske
skiekundigen,
Chambers Nicolson
en
George Maule
, yn it
laboratoarium
fan if fervefabryk fan
George Simpson
yn
Londen
, in oare anilineferve mei in read-pearzige kleur dy't frijwol itselde wie as dy fan foksine. Yn
1860
waard dy yn produksje nommen under de namme 'rozine' (
roseine
). Datselde jiers noch feroaren se de namme yn
magenta
(
utspr.
: [m?'??nt?], likernoch: "muh-
dzjen
-tuh"), ta eare fan 'e
Slach by Magenta
, dy't yn
1859
by
Magenta
, yn
Lombardije
, utfochten wie tusken
Frankryk
en
Eastenryk
. Under de nije namme woeks de kleur al rillegau ut ta in grut kommersjeel sukses.
Yn
1935
waard de famylje fan
kinakridoanferven
untwikkele, werfan't de kleuren utinoar rinne fan
read
oant
fiolet
. Om't de kwaliteit fan
kinakridoan
better is as fan
foksine
en de rozine-magintaferve, wurdt tsjintwurdich foar
skilderjen
, it fervjen fan
klean
en foar it
printsjen
fan
ofbyldings
altyd kinakridoan brukt foar magintakleuren. De underskate
tinten
fan maginta kin men krije troch ferskillende hoemannichten
wyt
oan it kinakridoan ta te foegjen. In oare kleurstof foar maginta is
litolrubine
, dat brukt wurdt om
itenswaren
te kleurjen.
Maginta is in
ekstraspektrale kleur
, wat betsjut dat it net in ienkleurige
tint
fan
sichtber ljocht
is. Yn it
RGB-kleursysteem
, dat brukt wurdt om mei
ljochttechnyk
kleuren wer te jaan op
tillefyzje
- en
kompjuterskermen
en by
teaterbeljochting
, is maginta in
sekundere kleur
, dy't produsearre wurdt troch gelikense hoemannichten ljocht fan 'e
primere kleuren
read
en
blau
te bruken. Yn dit systeem is maginta de
komplemintere kleur
fan
grien
, en as men magintakleurich en grien ljocht op in
swarte
undergrun mingt, kriget men
wyt
ljocht. Om't maginta en grien kompleminter binne, hawwe dy kleuren it grutste kontrast, mar ek de grutste kleurharmony.
Yn it
CMYK-kleursysteem
, dat brukt wurdt foar it mingen fan
ferve
, en yn 'e
druktechnyk
foar it mingen fan
inket
om
ofbyldings
of te
printsjen
, is maginta ien fan 'e trije
primere kleuren
, yn 'e mande mei
syaan
en
giel
. Yn moderne
kleureprinters
wurdt sadwaande magintakleurige, syaankleurige en giele inket brukt om alle kleuren wer te jaan. Ek yn dit systeem is
grien
de
komplemintere kleur
fan maginta, en as men magintakleurige en griene inket of ferve op in
wite
undergrun mingt, soe men yn teory
swart
krije moatte. Yn 'e praktyk wurdt it mear in smoarch-
brune
kleur, om't de kleuren fan 'e ferve of inket eins nea perfekt binne. Om dy reden wurdt swarte inket tafoege oan it CMYK-systeem om swarte details en kleurflakken oan te bringen.
De
tint
maginta dy't brukt wurdt yn 'e
druktechnyk
, dy't wol
printermaginta
of prosesmaginta neamd wurdt, is justjes dunkerder en reader as de tint maginta dy't op
kompjuterskermen
brukt wurdt. Dat komt om't printermaginta gjin
RGB
-kleur is en om't der gjin regels binne foar it oersetten fan
CMYK
-kleuren nei it RGB-systeem. Oarsom kin webmaginta of ynternetmaginta, dat soms ek wol
elektrysk maginta
neamd wurdt, ek net sekuer werjun wurde mei
inket
op
papier
. Webmaginta is trouwens persiis deselde kleur as
foksia
, mei't dy beide kleuren oanmakke wurde troch persiis deselde hoemannichte
read
en
blau
ljocht
te mingen. De
foksiablom
, dy't ta ynspiraasje tsjinne hat foar beide kleuren, komt yn it echt yn in ferskaat oan kleuren foar, fan foksia oant
pears
en
read
.
webmaginta (
foksia
):
|
#FF00FF;
|
RGB
: (255, 0, 255);
|
CMYK
: (0, 100, 0, 0)
|
|
printermaginta
:
|
#FF0090;
|
RGB
: (255, 0, 144);
|
CMYK
: (0, 100, 0, 0)
|
|
De wichtichste
tinten
maginta binne:
amarant
,
amarantpears
,
amarantroze
,
auberzjine
,
dunkermaginta
,
fandango
,
feal maginta
,
fioletread
,
foksia
,
folly
,
framboas
,
Fransk roze
,
granaat
,
hjerstsering
,
hjitmaginta
,
Hollywoodserize
,
Ingelsk roze
,
kaam
,
karmozyn
,
kinakridoanmaginta
,
lavindel
,
loftmaginta
,
magintadize
,
magintaferve
,
mearkeroze
,
moerbei
,
orgidee
,
paladynpears
,
pears
,
Perzysk roze
,
printermaginta
,
prom
,
readfiolet
,
roze
,
schwungpears
,
serize
,
shocking pink
,
stielroze
,
telemaginta
en
ultraroze
.
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
fan
swart
nei maginta:
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
000000
|
110011
|
220022
|
330033
|
440044
|
550055
|
660066
|
770077
|
880088
|
990099
|
AA00AA
|
BB00BB
|
CC00CC
|
DD00DD
|
EE00EE
|
FF00FF
|
fan
wyt
nei maginta:
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
FFFFFF
|
FFEEFF
|
FFDDFF
|
FFCCFF
|
FFBBFF
|
FFAAFF
|
FF99FF
|
FF88FF
|
FF77FF
|
FF66FF
|
FF55FF
|
FF44FF
|
FF33FF
|
FF22FF
|
FF11FF
|
FF00FF
|