Madly Madagascar
is in
Amerikaanske
koarte
kompjuteranimearre
tekenfilm
ut
2013
under
rezjy
fan
David Soren
. It is in
komeedzjefilm
foar bern
en
foar folwoeksenen
mei in spyldoer fan 22
minuten
. De
haadrollen
waarden
ynsprutsen
troch
Ben Stiller
,
Chris Rock
,
David Schwimmer
,
Jada Pinkett Smith
en
Danny Jacobs
. De
titel
betsjut "Healwiis Madagaskar", werby't it
eigenskipswurd
madly
konnotaasjes hat yn it ramt fan
leafde
of
ferealens
. De
film
hat dan ek as
tema
Falentynsdei
.
Madly Madagascar
heart ta de
Madagascar
-franchise
en spilet nei it meastepart fan 'e foarfallen yn
Madagascar: Escape 2 Africa
, mar foar de slotsene fan dy film. It
ferhaal
giet oer in fleske
rukersguod
dat ut in oerfleanend
fleantuch
smiten wurdt, en dat grut trelit feroarsaket by de
bisten
fan in
wettergat
yn in
Afrikaansk
wyldreservaat
.
Alex de
liuw
, Marty de
sebra
, Melman de
sjiraffe
, Gloria it
nylhoars
,
kening
Julien de
ringsturtmaky
, Maurice it
fingerdier
, Mort de
musmaky
en de fjouwer
psychopatyske
pinguins
under lieding fan Skipper binne noch altyd yn it
wyldreservaat
yn
Afrika
nei harren
eardere aventoer
.
Falentynsdei
komt deroan, in
feestdei
der't Alex yn 'e
Central Park Zoo
yn
New York
altyd graach oer mocht om't er dan ekstra oandacht krige fan it dieretunpublyk. Hy besiket datselde effekt te kreearjen troch de lanseigen ynwenners fan it wyldreservaat te underrjochtsjen oer Falentynsdei. Derta hat er foar allegear in
Falentynskaart
skreaun, en no besiket er harren derfan te oertsjugjen dat se allegear ek in Falentynskaart oan him weromstjoere moatte.
Underwilens fljocht der in
frachtfleantuch
oer dat folladen is mei Falentynsdei
kado's
. De
piloat
en de
ko-piloat
nimme it lykwols net sa nau mei de regels fan 'e
postbesoarging
en plonderje de pakjes op 'e syk nei
sukelaadsjes
, dy't se lekker opsnobje. Op in stuit komt de ko-piloat in pakje tsjin der't in
fleske
rukersguod
yn sit, mei de namme
Leafdesmiddel Nu. 9
. By wize fan
grap
besproeit er de piloat mei it guod, mar it stjonkt sa, dat de mannen it fleske gau-gau ut it
finster
smite. It rukersguod komt del op 'e
kop
fan 'e
ferfeelde
kening Julien, dy't der fuortendaliks mooglikheden yn sjocht. Hy makket mei help fan Maurice en Mort de bisten fan it wyldreservaat wiis dat it in
magyske
floeistof
is dy't fan 'e
goaden
komt, en dy't jin op slach
unwjersteanber makket
foar it oare
geslacht
. Alle bisten stjonke deryn en undertekenje in
wjirchkontrakt
foar in pufke fan it rukersguod, utsein de dieretunbisten ut New York.
Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.
|
As der in
tsjeppe
wyfkes
okapy
opdukt, dy't op besite is ut in oar wyldreservaat, binne alle sebra's fanwegen de swart-wite streken op 'e
efterskonken
fan 'e okapy op slach
smoarfereale
. Dat jildt ek foar Marty, mar hy sjocht net yn hoe't er har oandacht luke kin yn in hiele
keppel
sebra's dy't der allegear persiis itselde utsjogge as hy. Yn
wanhoop
beslut er dan dochs it rukersguod mar ris te prebearjen, mar as hy deroan ta is, blykt it fleske leech te wezen. Hy freget de pinguins om foar him in nij fleske fan it guod oan te meitsjen, dat Skipper, Kowalski, Rico en Private kringe it kamp binnen der't de
minsklike
toeristen
oernachtsje op 'e siik nei de juste
yngrediinten
. Skipper, dy't gjin magysk leafdesmiddeltsje nedich is om healwiis te wezen, is fereale rekke op in froulike
bobblehead doll
, dy't er oeral mei nei ta sleept. Yn it kamp wurdt it ding untdutsen troch de
toergids
, dy't in sammelder fan sokke
popkes
blykt te wezen en him it ding, ta ofgriis fan Skipper, ta-eigenet.
Kowalski en Rico meitsje it rukersguod foar Marty oan, der't se behalven it spul dat se ut it kamp
stellen
hawwe ek wat willekeurige dingen oan tafoegje. Alex, dy't earder de gek hie mei Marty, hat underwilens untdutsen dat nimmen belangstelling foar syn fiering fan Falentynsdei hat, en syn ried te'nein beslut er om it leafdesmiddel dan ek mar ris te prebearjen. Mar Marty goait it hiele brousel fan 'e pinguins oer himsels hinne en lit neat foar Alex oer. Dy wol dan dat de pinguins in nije
tsjettelfol
fan it guod meitsje. De pinguins hawwe lykwols oare dingen oan 'e holle, mei't Skipper in redingsmisje organisearret foar syn pop. Derop freget Alex Julien om help, dy't mei syn wenstige mispleatste oermjitte oan
selsfertrouwen
derfan oertsjuge is dat er sels it leafdesmiddel ek wol brouwe kin.
It brousel fan 'e pinguins blykt sa goed te wurkjen, dat Marty net inkeld de oantreklike okapy, mar ek alle oare froulike bisten ut it reservaat efter him oan kriget, fan lytse
dikdiks
oant reuseftige
oaljefanten
. Hy genietet fan alle oandacht. It brousel dat Julien, Maurice en Mort foar Alex meitsje, en dat hy hielendal oer himsels hinne jit, blykt lykwols sa te stjonken dat it in diametraal tsjinstelde wurking hat en eltsenien utnaait as hy deroan komt. Underwilens hat Melman, dy't koartby in
relaasje
mei Gloria krigen hat, de help fan 'e
sjimpansees
ynskeakele om in geweldige Falentynsdeifiering foar syn leafste te organisearjen. Mar syn tariedings, werunder in reuseftige pop fan it
Frijheidsbyld
mei de kop fan Gloria, wurde by fersin hieltyd ferrinnewearre troch de oaren, dy't inkeld oandacht foar harren eigen swierrichheden hawwe.
Alex jout him ferbuke of. Gloria wurdt
lulk
op Melman, om't er gjin oandacht mear foar har liket te hawwen en hieltyd fuortrint om him mei oare dingen dwaande te halden. En Marty beseft dat er no foar de wyfkes sa oantreklik is, dat se him gjin sekonde mear gewurde litte kinne. Sadree't er dat untdekt, fergiet him it
laitsjen
wolfergoed. Underwilens kringe de pinguins op 'e nij it minsklike kamp yn, der't se de
Landrover
mei de samling bobblehead dolls fan 'e toergids
stelle
. Dyselde komt harren yn in oare
auto
benefter. Nei in spektakulere efterfolging witte de pinguins de grutte leafde fan Skipper te reden. Gloria fynt it
draaiboek
mei Melman syn plannen foar Falentynsdei en beseft dat er sa drok dwaande wie foar har. Marty wit einlings oan 'e wyfkes te untsnappen en yn it wettergat te springen, der't er it leafdesbrousel ofwasket sadat de wyfkes harren ynteresse yn him ferlieze. Trijeresom sette Marty, Melman en Gloria dan nei Alex ta, dy't se ferrasse mei in Falentynskaart fan elts fan harren. It binne net safolle as er op
hope
hie, mar it binne guon dy't wier ut it hert komme, dat Alex is der sa
bliid
mei dat er syn
freonen
stevich
oankrupt
. Mei as gefolch dat sy hast oer har nekke geane en him te ferstean jouwe dat er him earst ris flink waskje moat.
- haadrollen
- byrollen
Madly Madagascar
waard
regissearre
troch
David Soren
nei in
senario
dat er sels skreaun hie. De
koarte film
waard
produsearre
troch
Chad Hammes
en
Lisa Stewart
foar
filmstudio
DreamWorks Animation
, mei
Mireille Soria
as
utfierend produsinte
. De
filmmontaazje
wie yn 'e hannen fan
James Ryan
. De
filmmuzyk
waard fersoarge troch
Heitor Pereira
.
De
distribusje
fan
Madly Madagascar
waard fersoarge troch
20th Century Fox
. De film kaam op
29 jannewaris
2013
ut, likernoch twa
wiken
foar
Falentynsdei
, dat it
tema
is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|