In
kaptein
is in
subalterne ofsier
fan middelhege
rang
yn 'e nasjonale
kriichsmacht
fan in soad
lannen
. Dizze rang komt foar by de
lanmacht
, de
loftmacht
, de
maresjesee
en de
mariniers
. De ekwivalinte rang by de
marine
is
luitenant-op-see 2e klasse aldste kategory
. Troch leken op it med fan 'e kriichsmacht wurdt faak understeld dat in kaptein by de lan- of loftmacht fan ekwivalinte rang is mei in
kaptein-op-see
by de marine, mar dat is sa net; kaptein-op-see is in hegere rang, dy't ekwivalint is oan in
kolonel
by de lan- of loftmacht.
Yn guon lannen is de ekwivalinte rang fan kaptein by de loftmacht
flechtluitenant
. Yn it
Nederlanske
leger is by de
kavalery
, in underdiel fan 'e lanmacht, de ekwivalinte rang
ritmaster
. De oansprektitel fan in kaptein is "kaptein" (of "ritmaster" by de kavalery). De boppelizzende rang is
majoar
, en de underlizzende rang is
earste luitenant
. Dermei is kaptein de heechste
subalterne ofsiersrang
. De term 'kaptein' komt fan it
Grykske
wurd κατεπ?νω,
katepan?
, dat letterlik "heechstpleatste" betsjut, en dat in rang wie yn it leger fan it
Byzantynske Ryk
. Yn it
Nederlanske
leger hat kaptein de aldere rang fan
hopman
ferfongen.
Oersjoch fan 'e kapteinsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtunderdielen:
(oansprektitels kursyf werjun)