Geheim Evangeelje fan Markus
|
algemiene gegevens
|
auteur
|
unbekend (ferlern gien?)
|
taal
|
Aldgryksk
|
foarm
|
non-fiksje
|
sjenre
|
religiosa
|
skreaun
|
unbekend (ferlern gien?)
|
It
Geheime Evangeelje fan Markus
, dat net betize wurde moat mei it
kanonike
Evangeelje fan Markus
, is mooglik in ferlern giene
kristlike
religieuze
tekst, besibbe oan it
Nije Testamint
fan 'e
Bibel
. It is allinnich mar bekend ut it saneamde
Mar Saba-brief
, weryn't it
Geheime Evangeelje fan Markus
omskreaun wurdt as in utwreide ferzje fan it kanonike
Evangeelje fan Markus
, bedoeld foar in elitere groep ynwijden yn 'e djippere wierheden fan it kristlik
leauwe
.
Yn
1973
bewearde
Morton Smith
(
1915
-
1991
), in perfester
aldheidkundige
skiednis
oan 'e
Columbia University
fan
New York
, in oant doe ta unbekend brief untdutsen te hawwen yn it
kleaster
Mar Saba
, yn it
Westjordaanlan
. It brief, dat skreaun weze soe troch de
tsjerkfaar
Klemins fan Aleksandrie
, wie in kopy fan taheakke oan in
santjinde-iuwske
printinge fan 'e wurken fan
Ignatius fan Antiochie
. Mei't de oarspronklike tekst koart nei de untdekking skynber oerbrocht waard nei in oar kleaster en der op riedselige wize ferdwun, koe foar fierder undersyk inkeld gebruk makke wurde fan foto's en kopyen, dy dy't Smith sels makke hie ynbegrepen.
De untdekking fan it Mar Saba-brief soarge yn akademyske fermiddens foar hiel wat sensaasje, mar doe't bliken die dat it weirekke wie, waard dat daliks folge troch beskuldigings fan ferfalsking en misrepresintaasje. Lettere bestudearring, dy't u.m. hanskriftanalyze fan 'e dudlikste foto's omfette en der't de resultaten fan publisearre waarden yn
2000
, smiet foar it earst taastbere oanwizings op dy't sterk yn 'e rjochting fan in ferfalsking wiisden. Foaroansteande wittenskippers, lykas
Craig A. Evans
en
Emanuel Tov
, kamen op grun derfan ta de konkluzje dat immen besocht hie de boel te bedonderjen, en dat dy persoan foar 't neist Smith sels wie. Der binne lykwols noch altyd in protte saakkundigen dy't uthalde dat it Mar Saba-brief wis wol echt wie. As dat sa is, folget derut dat it
Geheime Evangeelje fan Markus
ek bestien hawwe moat, al sil it dan wierskynlik in
pseudedpigrafyske
en
apokrife
tekst under de namme fan 'e
apostel
Jehannes Markus
west hawwe.