In
fjildslach
is in geregeld
militer
treffen (dat wol sizze: in grutskalich gefjocht) op
lan
tusken twa fijannige
legers
. In
oarloch
bestiet ornaris ut mear as ien fjildslach. In lytsskaliger militer treffen wurdt in
skermutseling
neamd, in grutskalich militer treffen op
see
hjit in
seeslach
, en in grutskalich militer treffen yn 'e
loft
neamt men wol in
loftslach
.
It
foarheaksel
'fjild-' yn 'e term 'fjildslach' jout oan dat it om in slach op lan giet, en analooch deroan sprekt men ek fan it 'slachfjild' as men it oer it fysike terrein hat der't de fjildslach plakfynt. Lykwols hoecht it derby net om in
fjild
te gean. Dy oantsjutting is der histoarysk yn slupt om't slaggen op lan faak op iepen flaktes utfochten wurde, mar 'fjildslaggen' kinne likegoed plakfine yn in
bosk
, yn 'e
bergen
of
heuvels
, op it
stran
of by in
rivier
of
mar
.