De
deastraf
is de wettige terjochtstelling fan in minske as swierste straf foar in misdied. Yn in soad lannen, bygelyks yn de
Feriene Steaten
,
Sina
en
Yndoneezje
, wurdt de deastraf utfierd.
Der is in soad te dwaan om de deastraf. Mei it
humanisme
waard de deastraf yn
Jeropa
hieltyd kritysker folge. It hat laat ta it ofskaffen fan dizze straf yn in protte Westerske lannen; yn Jeropa komt de deastraf hast hielendal net mear foar.
Foar it utfieren fan de deastraf wurdt in ferskaat oan metoaden brukt. Neffens
Amnesty International
wurdt der it meast bruk makke fan de
deadlike ynjeksje
, de
elektryske stoel
, de
gaskeamer
, it
fjoerwapen
,
ophingjen
,
unthaadzjen
en
stiennigjen
.
De drekte deastraf kaam yn de
Midsiuwen
yn
Fryslan
net foar. By misdriuwen tsjin it folk (lanferrie, munteferfalsking) waard de dieder "fredeleas" makke: elts koe him samar deameitsje.
De drekte deastraf kaam pas under it
Saksyske bewald
(yn guon steden justjes earder) en is sunttiid yn Fryslan geregeld utfierd, meastentiids yn
Ljouwert
. Soms waard de straf om de befolking of te skrikken ek wol op it plak fan de misdie utfierd, mar it wie wol altyd yn it iepenbier. Freed,
23 maart
1860
is op it tsjintwurdige Wilhelminaplein yn Ljouwert it leste deafunis middels ophingjen utfierd en wol oan
Ype Baukes de Graaf
.