De
Chicago
is in
rivier
yn it
noarden
fan 'e
Amerikaanske
steat
Illinois
, dy't troch de
stedekloft
fan
Chicago
rint en ek troch de
binnensted fan Chicago
sels. De rivier wurdt op 'e
flagge
fan Chicago symbolisearre troch ien fan twa ljochtblauwe streken. De Chicago is mei in lingte fan 251
km
net botte lang, mar
histoarysk
wie it in wichtich wetter fanwegen de
Chicago Portage
. Dat wie in plak oan 'e bopperin fan 'e rivier der't men fia in
draachplak
hannelsguod
oer lan oerbrocht fan en nei de Chicago nei en fan de rivier de
Des Plaines
, dy't yndirekt in
sydrivier
fan 'e
Mississippy
is. Fia de Des Plaines en de Chicago waard dus it rivierestelsel fan 'e Mississippy, en dermei de
Golf fan Meksiko
, ferbun mei de
Grutte Marren
, mei't de Chicago oarspronklik
utmune
yn 'e
Michiganmar
. Dat is lykwols al lang net mear sa, mei't men yn 'e twadde helte fan 'e
njoggentjinde iuw
de streamrjochting fan 'e rivier omdraaid hat.
De
namme
'Chicago' komt fan in
santjinde-iuwske
Fransktalige
ferbastering
fan in
Yndiaansk
wurd
foar de
plant
Amerikaansk knyflok
(
Allium tricoccum
), in soarte fan ytbere wylde
prei
, dy't doedestiden runom oan 'e
igge
fan 'e rivier groeide.
Doe't de Chicago syn natuerlike rin noch folge, untsprong de North Branch fan 'e rivier benoarden de hjoeddeiske stedsgrinzen fan Chicago, en de South Branch yn 'e sted. De North Branch streamde sudoan, wylst de South Branch nei it noarden ta streamde. By
Wolf Point
kamen de beide rivierkes gear om 'e
haadstream
fan 'e Chicago te foarmjen, dy't yn it
Ingelsk
bekendstiet as de Main Stem. Dy streamde derwei suver rjocht nei it easten en
mune ut
yn 'e
Michiganmar
ter hichte fan 'e hjoeddeiske Madison Street. Tsjintwurdich hellet de Main Stem troch minsklik yngripen lykwols syn wetter ut 'e Michiganmar en streamt dan eastoan nei Wolf Point ta, der't er gearfloeit mei de North Branch om 'e South Branch te foarmjen. Dy streamt nei it sudwesten ta en munet ut yn it
Chicago Sanitary and Ship Canal
, dat sels yn ferbining stiet mei de rivier de
Des Plaines
, dy't wer utmunet yn de
Illinois
, in
sydrivier
fan 'e
Mississippy
. Sa is de Chicago dus eins yndirekt ek in sydrivier fan 'e Mississipi wurden.
Hoewol't se nei alle gedachten net de earste
Jeropeanen
wiene dy't de krite besochten, wiene de
Fransen
Louis Jolliet
en
Jacques Marquette
yn
1673
de earsten dy't harren besyk dokumintearren. Se befearen de rivier de Chicago en beskreaune harren untdekking fan 'e
Chicago Portage
, in
draachplak
der't men maklik (te foet)
hannelsguod
en
kano's
oerbringe koe fan 'e Chicago nei de rivier
Des Plaines
. Yn
1674
kearden se werom en kampearren se fjouwer dagen oan 'e muning fan 'e Chicago foar't se nei de Chicago Portage giene, der't se de
winter
fan
1674
op
1675
trochbrochten. Oan it begjin fan 'e
achttjinde iuw
rekke de krite troch it utbrekken fan 'e
Foks-Oarloggen
effektyf unbegeanber foar
blanken
. Neitiid wie in
pelshanneler
dy't Guillory hiet nei alle gedachten de earste blanke dy't him, om
1778
hinne, wer yn it gebiet festige.
Jean Baptiste Point du Sable
, dy't yn 'e
1780
-er jierren in
boerespultsje
by de muning fan 'e Chicago stifte, jildt as de earste permaninte bewenner fan Chicago. Yn
1795
waard it lan oan 'e muning fan 'e Chicago by it
Ferdrach fan Greenville
troch de
Yndianen
ofstien oan 'e
Feriene Steaten
. Neitiid krigen de Amerikanen by it
Ferdrach fan St. Louis
, yn
1816
, en it
Ferdrach fan Chicago
, yn
1821
, de hiele krite yn besit. Yn
1803
waard
Fort Dearborn
boud oan 'e muning fan 'e Chicago, rjocht foar de eardere pleats fan Point du Sable oer, op it plak der't no de
Michigan Avenue Bridge
leit.
Luitenant
James Strode Swearingen, de earste
kommandant
fan dat
fort
, beskreau de rivier as 27
m
breed en 5,5 m djip, mei
iggen
dy't oan 'e noardkant 1,8 m en oan 'e sudkant 2,4 m heech wiene.
Tusken
1816
en
1828
groeven
soldaten
fan Fort Dearborn in
farwetter
troch de
sanbank
hinne dy't foar de muning fan 'e Chicago lei, sadat it fort oer de
Michiganmar
befoarriede wurde koe. Dat farwetter slike lykwols al rillegau wer ticht, sadat it allegeduerigen op 'e nij utgroeven wurde moast. Yn
1833
, itselde jiers dat de sted
Chicago
stifte waard, sette men utein mei de oanlis fan in echte
haven
, der't it
Amerikaanske Kongres
$
25.000 foar frijmakke hie. Holpen troch in
stoarm
yn
febrewaris
1834
, dy't troch de sanbank hinne briek, wie it wurk yn 'e
simmer
fan dat jier genoch foardere dat in
skoender
fan 91
ton
oant Wolf Point de rivier opfarre koe. Tsjin
1837
wie de oanlis fan 'e haven fierhinne foltoge.
Yn
1848
waard it
Illinois- en Michigankanaal
oanlein, dat dwers troch de Chicago Portage hinne tagong joech ta de rivier de
Des Plaines
, dy't fia de
Illinois
yn ferbining stie mei de
Mississippy
. Dat
kanaal
wie it leste en meast westlike fan in hiele rige grutte kanalen dy't op kosten fan 'e Amerikaanske federale
oerheid
oanlein waarden. It makke doedestiden diel ut fan 'e iennichste farrute troch binnenwetters fan
New York
nei
New Orleans
.
Doe't yn
1885
troch ekstreme
druchte
de
drinkwetterfoarried
fan 'e sted
Chicago
bedrige waard, besleat de
Algemiene Assimblee fan Illinois
dat men tenei drinkwetter ynnimme kinne moast ut 'e
Michiganmar
, in unbidich grut swietwetterreservoir dat ommers by wize fan sprekken lyk foar de doar lei. Dat dat op dat stuit net mooglik wie, kaam om't Chicago al syn
rioelwetter
unsuvere yn 'e
mar
rinne liet. Yn
1887
besleat men sadwaande om 'e streamrjochting fan 'e rivier de Chicago om te draaien. Oan 'e muning waard in
daam
boud, der't tenei wetter ut 'e Michiganmar ynnommen waard, sadat de Chicago yn eastlike rjochting begun te streamen en utmune yn it Illinois- en Michigankanaal. It rioelwetter waard dermei offierd it lan yn, wylst it wetter fan 'e Michiganmar skjin bleau en geskikt wie om as drinkwetter brukt te wurden. Yn
1889
waard it Illinois- en Michigankanaal, dat op syn nije funksje net berekkene wie, ferfongen troch it
Chicago Sanitary en Ship Canal
(CSSC), dat folle grutter wie en de rioelwetteroffier en
skipfeart
better oankoe. Pas yn
1900
wie it hiele projekt foltoge en wie de Chicago in rivier wurden dy't tenei fia in yngenieus systeem fan
silen
heuvelop streamde.