.eu
is it
taheaksel
fan Europeeske
domeinnammen
. .eu-domeinnammen wurde utjun troch
The European Registry of Internet Domain Names
(EURid), dy 't ferantwurdlik is foar it
topleveldomein
'eu'.
De domeinnamme wurdt yn Europeeske lannen ek wol brukt as de winske domeinnamme mei it taheaksel fan it betreffende lan al yn gebruk is.
- Foar
7 desimber
2005
koene .eu-domeinnammen oanfrege wurde by inkele webhostingbedriuwen.
- Op 7 desimber 2005 om 11:00 gie de "Sunrise I"-perioade yn. Bepaalde domeinnammen waarden beskikber steld foar halders fan bepaalde rjochten (hannelsmerken ensfh.). Dizze perioade duorre oant en mei
6 febrewaris
2006
.
- Op
7 febrewaris
2006 om 11:00 gie de "Sunrise II"-perioade yn. De rjochten foar Sunrise I waarden licht fersoepele, sadat mear organisaasjes in domeinnamme registrearje koene. Dizze perioade duorre oant en mei
6 april
2006.
- Op
7 april
2006 om 11.00 gie de "Landrush"-perioade yn. Eltsenien kin .eu-domeinen registrearje. Yn de perioade dy't hjirop folge wienen der in hiel soad oanfragen foar in .eu-domein.
- Op
26 juny
waard bekend dat der mear as 2.000.000 .eu-domeinnammen registrearre binne. Nederlanners hawwe derfan 234.690 adressen yn hannen.
.eu.int
wie oant 9 maaie 2006 it
subdomein
dat brukt waard foar benammen de
Jeropeeske Kommisje
en it
Jeropeesk Parlemint
, basearre op it generike top-level-domein
.int
foar ynternasjonale ynstellings mei
eu
as
second-level-domein
. Yn desimber 2005 waard .eu yntrodusearre werby't op 9 maaie 2006 de measte domeinnammen einigjend op .eu.int ferhuzen nei .europa.eu op
Europadei
. De
Jeropeeske Sintrale Bank
is lykwols gjin underdiel fan de "Europa-paraplu" fanwege har politike unofhinklikheid en brukt derom inkeld ECB.int, mar hat ecb.europa.eu as in alias.