한국   대만   중국   일본 
Tetman de Vries - Wikipedy

Tetman de Vries ( Bitgummole , 1 maart 1915 - Ljouwert , 13 july 1988 ) wie in Fryske kabaretier en revuskriuwer. Hy foarme mei syn twillingbroer Jarich de Vries it selskip Tetman en Jarich . Hy skreau sels de stikken en kabaretprogramma's en fierde dy yn it earstoan mei syn famylje op, letter hast ek altyd mei syn frou, Miene (Wilhelmina de Vries-Ganzinga). Underwerpen yn harren stikken wiene, neist it boerelibben, aktuele en soms licht filosofyske tema's.

Tetman de Vries
artyst en/of kabaretier
persoanlike bysunderheden
echte namme Tetman de Vries
nasjonaliteit Nederlansk
berne 1 maart 1915
berteplak Bitgummole
stoarn 13 july 1988
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Frysk
wurkpaad
wurksum as kabaretier

Yn 1935 waard Tetman winkelsjef by it kooperative "Excelsior" yn Ljouwert. Doe't de revustikken hieltiten mear sukses krigen waard er 1947 beropsartyst. De grutte trochbraak komt mei de revu "De tiid haldt gjin skoft", in opdracht fan it Bitgumer muzykkorps. De premiere wie yn jannewaris 1944 en it waard dernei hast 1200 kear opfierd. Dernei folgen noch 23 Fryske revu's en kabarets, 17 gelegenheidsrevu's en 10 Nederlanske revu's. Der diene ek oare famyljeleden oan mei, letter benammen dochter Leny Dijkstra-de Vries en Klaas en Tine Westra .

Oant 1951 wie S.J. van der Molen pianist, Cor Huisman wie dernei oant 1963 muzikant en faak komponist.

Ek lettere artysten as Rients Gratama , Leo Dijkstra , Riek Landman en oaren, tefolle om allegear op te neamen, learden by Tetman en Jarich it fak.

Revu's bewurkje seksje

  • It kin raer biteare ( 1946 )
  • De tiid sil 't leare ( 1954 )
  • Omke Doeke komt ut 'e hoeke ( 1962 )
  • De Wrald is uzes mei elkoar ( 1966 )
  • Wy boartsje hjir mar in hoartsje ( 1968 )

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok, en M. Wiegersma, red. , Encyclopedie van Friesland , (Amsterdam: Elsevier, 1958), Vries, Tetman de .