한국   대만   중국   일본 
Sted - Wikipedy

In sted is in foarm fan bewenning der't in grut tal fan huzen ticht byelkoar stiet en in grut tal fan mienskiplike foarsjennings beskikber is foar de eigen ynwenners en foar de ynwenners fan plakken yn de omkriten.

New York ( Feriene Steaten )
Dokkum eartiids: steden hienen faak in stedsgreft, stedswalen en stedspoarten

Yn de midsiuwen wie it skaaimerk fan in sted de stedsrjochten , it rjocht op in eigen bestjoer, in eigen wetjouwing en in eigen rjochtspraak. De measte steden krigen dy rjochten, as ien stedsrjocht of by ienen, fan in hear oer it gebiet. Foar Nederlan wie dy hear de Kening fan it Dutske Ryk , mar dy hie dat rjocht ek oan oaren jun.

Steden koenen lykwols ek oarrewei stedsrjochten krije. Fan plakken dy't ut in eardere sted groeid wienen, lykas fral yn Sud-Europa eardere Romeinske steden, waard oannaam dat dy hieltiid noch sted wienen en stedsrjocht hienen. En ek wie it mooglik dat in sted untstie om't it lan deromhinne in plak as sted beskoge. Dit is bygelyks yn Fryslan bard, der't de ynfloed fan de kening net grut wie. Steden hienen faak in stedsgreft, stedswalen en stedspoarten. Yn 1851 waard yn Nederlan it ferskil tusken steden en oare ienheden yn de tredde laach fan bestjoer weimakke troch de Gemeentewet .

Oan de ein fan de 19e iuw begunen, njonken de sted sels, ek de plakken yn de omkriten fan de sted te groeien, en skaaimerken fan stedsbebouwing oan te nimmen, wylst se foar de foarsjennings rjochte bleaunen op de sted. Somtiden waarden dy part fan de sted sels, somtiden waarden dy ta foarsteden. In foarsted dy't meast eigen wurkgelegenheid en eigen foarsjennings hat en hast allinnich foar kulturele foarsjennings op de oarspronklike sted rjochte is, hjit in satellytsted, wylst in foarsted dy't hast allinnich mar troch op-en-del-reizgers bewenne wurdt in sliepsted is.

Foar grutte steden is yn de 20e iuw it gehiel fan sted en foarsteden sa grut wurden dat it sintrum de ferkearsdruk net mear oan kin. Hjirtroch ferskoot de yndustry nei de butenkant fan de sted. Ek de hannel ferskoot nei buten, wylst yn de binnensted de klam op tjinstferliening en kultuer komt.