한국   대만   중국   일본 
Skyscraper (film ut 2018) - Wikipedy

Skyscraper (film ut 2018)

film ut 2018 fan Rawson Marshall Thurber

Skyscraper is in Amerikaanske aksje - en rampefilm ut 2018 under rezjy fan Rawson Marshall Thurber , mei yn 'e haadrollen Dwayne Johnson en Neve Campbell . De titel betsjut "Wolkekliuwer". It ferhaal giet oer ald- FBI -agint Will Sawyer, dy't syn frou en bern ut in wolkekliuwer yn Hongkong rede moat nei't dy yn 'e bran stutsen is troch terroristen . De film waard opnommen yn Vancouver en utbrocht troch Universal Pictures . Skyscraper krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy , dy't oer it algemien bewundering hiene foar it aktearjen fan Johnson, mar funen dat de film te folle liek op The Towering Inferno en Die Hard . Nettsjinsteande dat wie Skyscraper kommersjeel suksesfol yn 'e bioskopen .

Skyscraper
film
( Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy )
makkers
regisseur Rawson Marshall Thurber
produsint Beau Flynn
Dwayne Johnson
Hiram Garcia
Rawson Marshall Thurber
senario Rawson Marshall Thurber
kamerarezjy Robert Elswit
muzyk Steve Jablonsky
filmstudio Legendary Pictures
Flynn Picture Company
Seven Bucks Productions
distribusje Universal Pictures
spilers
haadrollen Dwayne Johnson
Neve Campbell
byrollen Roland Møller
Ng Chin Han
McKenna Roberts
Noah Cottrell
Pablo Schreiber
Hannah Quinlivan
skaaimerken
lan/lannen Feriene Steaten
premiere 1?july 2018
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm , rampefilm
taal Ingelsk
Kantoneesk
spyltiid 102 minuten
budget en resultaten
budget $125-129?miljoen
opbringst $304,9?miljoen

Will Sawyer is in feteraan fan it Amerikaanske Marinierskorps dy't by de FBI wurket as lieder fan in Hostage Rescue Team (HRT), in ienheid dy't by gizelings ynset wurdt om gizelders te reden. By in redingsaksje dy't freeslik misbeteart as de gizelnimmer unferwachts in selsmoardbom blykt te dragen, rekket er swierferwune . Syn lofterskonk moat under de knibbel amputearre wurde. Yn it sikehus is syn behanneljend dokter de kreaze Sarah, dy't earder by de Amerikaanske Marine tsjinne hat.

Tsien jier letter hat Sawyer in baan as befeiligingsadviseur . Hy is troud mei Sarah en se hawwe twa bern , de twilling Georgia en Henry. Hy is mei syn gesin nei Hongkong reizge, der't er op oanrikkemandaasje fan in earder lid fan syn HRT, Ben Gillespie, oannommen is om 'e befeiliging fan it krekt oplevere heechste gebou fan 'e wrald, De Pearel, nei te rinnen foar de eigner, sakeman en miljarder Zhao Long Ji. De Pearel is in 1.067? m hege wolkekliuwer mei 225 ferdjippings . De Sawyers hawwe de eare om as earsten yn it noch net iepene diel mei lukse apparteminten te ferbliuwen.

Foar't er ofset foar syn wurk, 'reparearret' Sawyer de mobile tillefoan fan syn frou troch it ding hielendal ut te setten en op 'e nij op te starten . Neitiid hat er in gearkomste mei Zhao, Gillespie, Zhao syn haad befeiliging Ajani Okeke en de assuradeur Pierce, om te rapportearjen dat it automatisearre befeiligings- en -branbestridingssysteem syn tests mei flagge en wimpel trochtstien hawwe. Wol moat er noch it befeiligingssintrum ynspektearje, dat ferstannigernoch net yn De Pearel, mar op in oare lokaasje yn Hongkong festige is. Zhao jout him in tabletkompjuter wermei't Sawyer folsleine tagong ta it kompjutersysteem fan De Pearel hat. Wylst er mei Gillespie underweis is nei it befeiligingssintrum, wurdt syn skoudertas stellen troch in dief . It docht lykwols bliken dat Sawyer de tablet yn 'e buse dien hie.

Dat smyt de plannen fan in kloft terroristen under lieding fan 'e Sudafrikaan Kores Botha yn 'e war. Gillespie, dy't mei harren under ien tekken skulet, kriget opdracht om 'e flater rjocht te breidzjen. Hy nimt Sawyer mei nei syn eigen hotelkeamer en besiket him der under bedriging mei in pistoal de tablet of te pakken, mar by in wrakseling rekket er fataal ferwune. Wylst er op stjerren leit, bychtet er op dat er ut jildneed syn taflecht ta de misdie nommen hat. Hy drukt Sawyer op it hert om te sjen dat er fuortkomt, want Botha syn minsken binne underweis. Sawyer wit nauwerneed it faaie libben derof te reden as oare terroristen yndie opdaagjen komme. Hy untkomt troch it finster en fia in brantrep , mar wurdt op 'e strjitte opwachte troch Botha syn unmeilydsume froulike trewant Xia, dy't him dochs noch de tablet untstelt en him ombrocht hawwe soe as de Hongkongske plysje net krekt op dat stuit tuskenbeiden kommen wie. Xia en de oare terroristen untkomme, en Sawyer set de efterfolging yn.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Underwilens binne Botha en in oare groep terroristen De Pearel ynkrongen, der't se it branbefeiligingssysteem undermynje troch op 'e 96e ferdjipping in wetterreaktive gemyske stof te struien. As se dernei de sprinklers ofgean litte, feroarsaket it bluswetter in bran , dy't de boppeste 130 ferdjippings fan 'e wolkekliuwer fan 'e butenwrald ofslut. Zhao, Okeke, Pierce en guon oaren befine har hielendal boppe-yn it gebou, yn it penthouse , dat ynrjochte is as Zhao syn persoanlike wente . De bran sit fier under harren, op leechsteande ferdjippings, dat se sitte der net bot oer yn. Wat se net witte, is dat Sawyer syn frou en bern, dy't troch Gillespie fan kaartsjes foar de dieretun foarsjoen wiene om se ut De Pearel te krijen, earder as ferwachte weromkeard binne om't Henry in astma -oanfal krigen hat.

Xia-en-dy kringe earne oars yn 'e sted it befeiligingssintrum binnen, der't se alle meiwurkers deasjitte en mei Sawyer syn tablet de kontrole oer it kompjutersysteem fan De Pearel oernimme. Se sette alle branbestriding ut en it fentilaasjesysteem wiid iepen om 'e bran fan soerstof te foarsjen. Dertroch begjint de bran as in razende omheech te klimmen nei de top fan 'e wolkekliuwer. As se foar it ferstan krije dat Sawyer syn frou en bern weromkeard binne nei De Pearel, stjoere Zhao en Okeke in pear befeiligingslju om harren nei it penthouse te bringen, mar de mannen komme om yn 'e hommels oplogjende fjoersee dy't it gefolch is fan it iepenjen fan it fentilaasjestelsel. Ek fan 'e Sawyers wurdt oannommen dat se dat net oerlibbe hawwe. Will Sawyer, dy't op dat stuit mei syn frou oan it byldbeljen wie, sjocht lykwols troch de kamera fan har oer de grun rugele mobyltsje dat sy en de twilling neitiid noch libje. Hy besiket wanhopich om De Pearel te berikken.

Boppe-yn it gebou beslut Zhao, op oanstean fan Pierce, om himsels en al it oerbleaune personiel mei syn privee- helikopter te evakuearjen . Foartiid hellet er in USB-stick ut 'e klus yn it penthouse. Op it dak rukt Okeke lykwols unrie as er de piloat net werom ken. Der folget in sjitpartij mei Botha en syn mannen, dy't harren op it dak ferskule hiene, werby't ek oan it ljocht komt dat Pierce ien fan 'e terroristen is. Zhao wurdt finzennommen en alle personielsleden fan De Pearel komme om, utsein Okeke, dy't deadlik ferwune rekket. Mei syn leste kreften besjit er de helikopter, dy't derop delstoart en foar gaos op it dak soarget. Zhao sjocht syn kans skoan en untkomt nei it penthouse, der't er himsels opslut efter in kompjutersysteem dat net yn ferbining stiet mei it befeiligingssintrum.

De plysje fan Hongkong ferkeart under de yndruk dat Sawyer efter de oanfal op De Pearel sit, en besiket under lieding fan ynspekteur Wu om him op te pakken. Sawyer untwykt de plysje lykwols en wit mei halsbrekkende toeren fia in reuseftige boukraan boppe de bran yn De Pearel te kommen. Yn 'e wolkekliuwer hat Botha underwilens utriddenearre dat er Sawyer syn kennis op it med fan befeiliging nedich is om it penthouse yn te kommen en Zhao finzen te nimmen. Hy ornearret dat Sarah en de twilling Sawyer syn swakke plak foarmje, en oarderet Pierce om harren finzen te nimmen. Yn in branende binnen tun besiket Pierce dat te dwaan, mar hy wurdt underbrutsen troch Sawyer, dy't him deadet.

Sawyer lit dernei Sarah en Henry yn ien fan 'e liften stappe, der't er de keabel fan trochhakket mei in branbile . De lift falt dan mei in geweldige faasje troch it branende diel fan it gebou hinne, sa fluch, dat de bran der gjin fet op kriget. As Sarah, nei't se oant fiif teld hat, de needrem ynskeakelet, komt de lift ta stilstan krekt foar't er de boaiem fan 'e liftskacht berikt. Neitiid siket Sawyer yn it branende gebou nei Georgia, dy't by har mem en broer wei rekke wie. Nei't se feilich ut De Pearel kommen is, besiket Sarah underwilens Wu en syn underhearrige Han derfan te oertsjugjen dat har man unskuldich is. Se identifisearret Botha, dy't se tsjinkommen is doe't hy en syn trewanten de gemyske stof it gebou ynbrochten, as ien fan 'e terroristen. Ek fertelt se dat se sjoen hat dat Botha-en-dy parasjutes by harren hiene, wermei't se blykber ut it branende gebou untkomme wolle. Mei Wu en Han stelt se fest dat der mar ien logysk laningsplak is foar lju dy't mei in parasjute fan it dak fan De Pearel of springe.

Foar't Sawyer Georgia fine kin, wurdt se finzennommen troch Botha. Dy easket dat Sawyer in manear fynt om 'e doarren fan it penthouse te iepenjen, oars sil er it famke fan it dak smite. Sawyer wurdt dertroch twongen om op 'e nij in aldernuodlikste aksje ut te heljen as er butenom klimme moat om by in tagongspaniel foar it befeiligingssysteem fan it penthouse te kommen. Wylst hiel Hongkong syn dieden fia de kamera's fan 'e tillefyzjehelikopters mei ynholden siken folget, slagget it him om der en wer werom te kommen. Hy wit de doarren te iepenjen en it penthouse yn te kringen, der't er Zhao oermasteret as dy in pistoal lukt. Zhao leit him ut dat Botha him troch sjantaazje yn opdracht fan 'e organisearre misdie fan Hongkong seis miljoen dollar ofdieve hie. As er net betelle, soe de bou fan De Pearel mei stakings platlein wurde. Dat, Zhao hie gjin oare kar as om ta te jaan, mar hy wist it jild digitaal te folgjen oant it de bankrekkens fan Botha syn opdrachtjouwers berikte. De gegevens fan dy persoanen sloech er op in USB-stick op as garansje tsjin fierdere ofsetting. De hiele oanfal op 'e wolkekliuwer is bedoeld om Zhao derta te bringen de USB-stick foar 't ljocht te heljen, sadat Botha him dy ofnimme kin.

Wu en Han liede in plysje-ynfal op it plak der't parasjutisten fan De Pearel delkomme moatte, en treffe der Xia en har trewanten oan. By in sjitpartij wurde de terroristen utskeakele. Xia sels wit fuort te kommen, mar Sarah sjocht har tusken de plysje-auto's troch slupen. Se falt har oan en wit har sa lang dwaande te halden dat Wu en Han weromkomme kinne om har te arrestearjen .

Yn 'e wolkekliuwer bringt Sawyer Zhao by Botha, dy't op it dak op harren wachtet, sabeare om him te ruiljen tsjin Georgia. Mar wylst Zhao Botha ofliedt, wit Georgia ut te naaien. Sy, Zhao en Sawyer sykje harren taflecht yn in fertrek dat tarist is mei tsientallen byldskermen dy't bylden werjouwe dy't net fan echt te underskieden binne. It wurket as in soarte fan spegelkeamer , der't net ien mear wit oft wat er sjocht wier is of net. Sawyer makket fan 'e betizing gebruk om of te weven mei Botha syn trewanten. Botha wit uteinlik Georgia wer te gripen, en driget har ut it gebou te smiten, mar Sawyer is him te fluch of. Hy wit syn dochter te reden en ynstee is it Botha dy't fan it gebou of smiten wurdt. Neitiid sitte Sawyer, Georgia en Zhao lykwols fest op 'e wolkekliuwer wylst de bran hast it dak berikt hat.

Sarah fynt de tabletkompjuter werom dy't Xia fan har man stellen hie. Dermei hat se tagong ta it hiele kompjutersysteem fan De Pearel, mar se hat net genoch kennis fan saken om te witten wat se der mei moat. Dan komt har Sawyer syn sizzen fan dy moarn wer yn 't sin: de measte problemen mei kompjuters kinne oplost wurde troch se op 'e nij op te starten. Sarah set it kompjutersysteem fan De Pearel hielendal ut en start it op 'e nij op, wernei't de branbefeiliging weromkeart nei syn defaultsettings . De sprinklers en oare branbestridingsmaatregels wurde fuortendaliks wer opstarten, en de bran wurdt weromkrongen sadat Sawyer, Georgia en Zhao mei in helikopter fan it dak reden wurde kinne. De Sawyers wurde weriene. As Will Sawyer Zhao freget wat er no sil, antwurdet dy dat er fan doel is De Pearel te werbouwen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Dwayne Johnson .
 
Neve Campbell .
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Will Sawyer Dwayne Johnson
Sarah Sawyer Neve Campbell


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Kores Botha Roland Møller
Zhao Long Ji Ng Chin Han
Georgia Sawyer McKenna Roberts
Henry Sawyer Noah Cottrell
Ben Gillespie Pablo Schreiber
Xia Hannah Quinlivan
Pierce Noah Taylor
ynspekteur Wu Byron Mann
brigadier Han Elfina Luk
Ajani Okeke Adrian Holmes
branwachtkommandant Sheng Tzi Ma
meagere hacker Matt O'Leary
Ray Kevin Rankin

Skyscraper waard regissearre troch Rawson Marshall Thurber , nei in senario dat er sels skreaun hie. It wie syn earste film dy't gjin komeedzje wie. It wie ek de twadde kear dat er gearwurke mei haadrolspiler Dwayne Johnson , nei Central Intelligence , ut 2016 . As produsinten wiene by it projekt belutsen Beau Flynn , Hiram Garcia , Thurber sels en Johnson foar de filmstudio's Legendary Pictures , Flynn Picture Company en Johnson syn Seven Bucks Productions . De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Elswit , wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Steve Jablonsky .

De opnamen setten op 14?augustus 2017 utein. Der wie in budget fan $ 125 oant 129?miljoen foar Skyscraper beskikber. De film is foar it meastepart Ingelsktalich , mar der wurdt yn in stikmannich senes ek Kantoneesk praat. Hoewol't de film yn Hongkong spilet, waard er hast hielendal opnommen yn it Kanadeeske Vancouver . Inkeld guon oersjochbylden fan 'e skyline waarden yn Hongkong filme.

De filmdistribusje fan Skyscraper waard fersoarge troch Universal Pictures . De film gie op 1?july 2018 yn 'e Sineeske haadsted Peking yn premiere . Neitiid waard der op 7?july in twadde galafertoaning yn Hongkong organisearre, foar't Skyscraper op 13?july iepene yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en op 20?july yn dy yn Sina. De film kaam op 25?septimber 2018 beskikber as digitale download , en waard op 9?oktober fan dat jier utbrocht op dvd en blu-ray .

Skyscraper untfong mingde resinsjes fan 'e filmkritisy . Alonso Duralde fan TheWrap neamde de film in "befredigjende simmerskriller". Hy stelde fest dat de film sterk liket op Die Hard , mei Bruce Willis , en skreau deroer: " Skyscraper feroaret it aksjefilmsjenre net sa't Die Hard dat die, mar it is best in fermaaklik stikje simmerferdivedaasje […]." Yn it tydskrift Variety hie Peter Debruge mear krityk op 'e plot fan Skyscraper , mar hy priizge it aktearjen fan Dwayne Johnson mei de wurden: "Dit is eskapisme , poer en simpel, en hoewol't de struktuer gammel is, bewissiget Thurber him der, troch Johnson yn te setten, fan dat syn Skyscraper op in solide Rock ("rots") boud is." (In ferwizing nei Johnson syn bynamme 'The Rock'.)

 
De fertoaning fan Skyscraper yn Hongkong op 7?july 2018 .

Yn Entertainment Weekly fun Chris Nashawaty Skyscraper mar in swak oftreksel fan Die Hard , der't er net mear as in 6 op in skaal fan 1 oant 10 foar oer hie. Hy skreau: "It is allegear wol om passyf oan te sjen, mar it foarnaamste probleem is dat skriuwer-regisseur Rawson Marshall Thurber […] net in smjunt betocht hat dy't ek mar heal sa memorabel is as Alan Rickman syn Hans Gruber. Ik wit dat dy ferliking unearlik lykje mei, mar as jo Die Hard sa skamteleas neibeare, is it dat eins net."

Op 'e webside Rotten Tomatoes , dy't resinsjes sammelet, hie Skyscraper in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 260 underskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald ut al dy resinsjes, stelt: " Skyscraper , in film mei in goede cast , mar in imitative plot , is net bepaald in prestaasje op it med fan aksjefilms dy't oeral boppe-ut stekt, mar hy is best genoch yninoar set om himsels mank de myld ferdivedearjende films fan it sjenre oerein te halden." Op Metacritic , de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 51%, basearre op 42 resinsjes.

Skyscraper brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $ 68,4?miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $236,4?miljoen. Wraldwiid kaam de opbringst dermei ut op $304,9?miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 oant 129?miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $175,9?miljoen, al moatte der de marketingkosten noch oflutsen wurde. Skyscraper waard yn 2019 nominearre foar in Saturn Award foar beste aksje- of aventoerefilm. Dwayne Johnson waard foar syn rol yn 'e film nominearre foar de Nickelodeon Kids' Choice Awards yn de kategoryen favorite filmakteur en favorite regaadmakker.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .