한국   대만   중국   일본 
Marten Zwaagstra - Wikipedy

Marten Zwaagstra ( Mildaam , 15 augustus 1895 - Katwijk aan Zee , 31 july 1988 ) wie in Nederlanske arsjitekt en undernimmer .

Marten Zwaagstra
persoanlike bysunderheden
echte?namme Marten Zwaagstra
nasjonaliteit Nederlansk
berne 15 augustus 1895
berteplak Mildaam
stoarn 31 july 1988
stjerplak Katwijk aan Zee
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt

Marten Zwaagstra wie in soan fan Meint Zwaagstra en Antje Baukema. Fan 1909-1912 gie er nei de ambachtsskoalle op It Hearrenfean . Yn 1920 helle er it diploma boukunde en it diploma wapene beton -konstrukteur oan de mts yn Ljouwert . Yn 1923 folge it diploma wetterboukunde . Hy wie lid fan de Friese Bouwkring. Op 26 augustus 1926 troude er mei Ynske Zwerver. Yn 1936 wie er arsjitekt fan de monumintale went foar Zwaagstra syn alden yn Mildaam. Yn de jierren 50 rjochte er de N.V Raatbouw op en boude under oaren loftwachttuorren besteande ut prefab wapene betonnen eleminten yn raatbou.

Galery bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: