한국   대만   중국   일본 
Falling Free - Wikipedy

Falling Free is in science fiction - roman fan 'e han fan 'e suksesfolle en mannichfald bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold . It makket loskes underdiel ut fan The Vorkosigan Saga , Bujold har populerste en omfangrykste searje, mar kin sunder beswier los derfan lezen wurde. Falling Free , der't Bujold in Nebula Award mei wun, waard foar it earst publisearre as in fuljeton yn 1987 - 1988 . It is underwilens oerset yn njoggen talen.

Falling Free
algemiene gegevens
auteur Lois McMaster Bujold
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e?publikaasje 1987 - 88 , New York
oarspr.?utjwr. Baen Books
prizen Nebula Award 1988
nom. Hugo Award 1988
rige
rige The Vorkosigan Saga
● foarich?diel Dreamweaver's Dilemma
● folgjend?diel Shards of Honor
kodearring
ISBN 0 67 16 53 989

Eftergrun bewurkje seksje

Falling Free (frij fertaald: "Sunder Swiertekreft") wie de fjirde roman fan 'e Amerikaanske science fiction- en fantasy -auteur Lois McMaster Bujold, dy't se skreau mei help (oangeande de technyske omballingen) fan har heit, har broer Jim en dy syn maat Wally Voreck. De haadpersoan, Leo Graf, in laskyngenieur, is feitliks fierhinne basearre op Bujold har heit, de natuerkundige, yngenieur en perfester laskboukunde en elektroboukunde Robert Charles McMaster. It feit dat har heit under har skriuwen fan dit boek kaam te ferstjerren, makke it foar Bujold dreech om Falling Free of te meitsjen, mar nei't se it in pear moanne oan 'e kant lein hie (en underwilens de novelle The Borders of Infinity skreaun hie), slagge it har dochs om it te foltogjen. [1]

 
Lois McMaster Bujold op 'e Finncon -konvinsje te Tampere , yn Finlan ( 2012 ).

Yn 'e winter fan 1987-1988 ferskynde Falling Free as fjouwerdielich fuljeton yn it tydskrift Analog Magazine , in feit der't Bujold tige ferguld mei wie, om't Analog it favorite tydskrift fan har heit west hie. [2] Neitiid waard Falling Free yn april 1988 yn boekfoarm publisearre troch utjouwerij Baen Books . Yn 2008 waard it werutjun as underdiel fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes . Mei Falling Free wun Bujold yn 1989 ek har earste priis, te witten in Nebula Award . [3]

Falling Free is skreaun yn it personele perspektyf en spilet likernoch twahundert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan; it stiet dermei eins folslein los fan 'e rest fan The Vorkosigan Saga , behalven dan dat it yn itselde hielal plakfynt.

Plot bewurkje seksje

De haadpersoan yn Falling Free is de laskyngenieur Leo Graf, dy't neatfermoedzjend in baan oannimt om op in ofhandich romtestasjon tafersjoch te halden op 'e trening fan 'e wurknimmers fan 'e multinasjonal GalacTech. As er op it plak oankomt, docht lykwols bliken dat it net om gewoane lju giet, mar om saneamde quaddies , genetysk modifisearre minsken mei in twadde pear earms wer't normaal de skonken sitte.

GalacTech hat quaddies untwikkele om te tsjinjen as arbeidskreften yn 'e romte (d.w.s. yn wurksitewaasjes sunder swiertekreft), mei't gewoane wurknimmers yn sokke omstannichheden ferlet hawwe soene fan spesjale fasiliteiten en boppedat om it hoartsje mei ferlof moatte soene om't yn in steat fan gewichtsleazens harren lichems fuortkwine. Quaddies hawwe dy neidielen net; sterker noch, yn mear as de lichtste swiertekreft kinne sy net iens funksjonearje. Dat betsjut dus ek dat se bun binne oan it romtestasjon en foar harren libbensunderstiping folslein fan it bedriuw ofhinklik binne ? in bykommend foardiel fanut it eachpunt fan GalacTech sjoen. Foar de wet hat GalacTech de quaddies trouwens klassifisearje litten as "post-foetale eksperimentele weefselkultueren", sadat se gjin berop dwaan kinne op minskerjochten . De quaddies wurde behannele as slaven en GalacTech hat sels in fokprogramma foar harren opset.

Tink derom: Yn de tekst hjirunder wurdt de ofrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels leze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net leze.

Al hiel gau begjint Graf syn sympaty te ferskowen fan syn wurkjouwer nei de quaddies . Dan untdekt er dat hja troch de untwikkeling fan in nije keunstmjittige-swiertekrefttechnology oerstallich wurden binne en dat men by GalacTech net rjocht mear wit wat men mei de quaddies oan moat. Der wurdt diskusjearre oer eutanasy, mar einlings wurdt besletten ta twongen sterilisaasje fan 'e hiele froulike populaasje. Underwilens untstiet der stadichoan in ban tusken Graf en de jonge froulike quaddie Silver, mei wa't er uteinlik in relaasje kriget. Graf betinkt in untsnappingsplan, dat er tegearre mei Silver, en mei help fan 'e oare quaddies , utfiert. GalacTech komt derefter en besiket harren mei geweld tsjin te kearen, mar wurdt derby opholden troch sabotaazje fan guon fan syn eigen (minsklike) wurknimmers. Krekt op 'e tiid witte Graf en de quaddies te untkommen troch in wjirmgat, dat nei in ofhandige uthoeke fan 'e bewenne romte liedt.

It ferfolch dat nea kaam bewurkje seksje

Bujold fertelt yn it foarwurd fan 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes dat it earst net har doel wie en lit dit ferhaal op himsels stean. "It wie dudlik in soarte fan Eksodusferhaal , wat ymplisearre dat miskien fjirtich jier yn 'e woastyn diel twa weze moatte soe, en de oankomst yn it Unthjitten Lan diel trije, in moai ofrune trilogy." [4] Mar hja waard oflaat troch in oar projekt en kaam der letter nea mear ta om in ferfolch op Falling Free te skriuwen. Se liket har der no by dellein te hawwen dat dat der ek nea mear fan komme sil, want by wize fan ofsluting liet se Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan it grutste part fan The Vorkosigan Saga , yn in ferhaal dat likernoch 230 jier nei de foarfallen fan Falling Free spilet, in besyk bringe oan it nije thus fan 'e quaddies , der't se blykber noch lang en lokkich libben (sjoch: Diplomatic Immunity ).

Oersettings bewurkje seksje

  •   Italjaansk ( Gravita Zero ), fert. Maria Cristina Pietri, 1990;
  •   Spaansk ( En Caida Libre ), fert. Claudia Martinez, 1990;
  •   Japansk ( Jiy? Kido ), fert. Ayako Ogiso, 1991;
  •   Dutsk ( Die Quaddies von Cay Habitat ), fert. Michael Morgental, 1995;
  •   Poalsk ( Stan Niewolno?ci ), fert. Anna Dorota Kaminska, 1995;
  •   Russysk ( V Svobodnom Padjenii ), fert. A. Kiri?enko, 1995;
  •   Fransk ( Operation Cay ), fert. Genevieve Blattmann, 1997;
  •   Tsjechysk ( Cestou Svodody ), fert. Marta Prochzkov, 1998;
  •   Bulgaarsk ( Bez Gravitacija ), fert. Kremena Jordanova, 1999. [5]

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

  • Wun de Nebula Award foar de beste roman fan 1988;
  • wun de Prometheus Hall of Fame Award 2014;
  • nominearre foar de Hugo Award foar de beste roman fan 1988;
  • nominearre foar in Prometheus Award 1989;
  • de Reader's Chair -unferkoarte audioproduksje fan Falling Free wun de Earphones Award fan it tydskrift AudioFile foar it beste science fiction- audioboek fan 1996;
  • de Reader's Chair -unferkoarte audioproduksje fan Falling Free wun de Listen Up Award foar ien fan 'e beste science fiction-audioboeken fan 1996. [6]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes , s. 4-5.
  2. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes , s. 5-6.
  3. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).
  4. Bujold, Lois McMaster, Preface yn 'e omnibus Miles, Mutants & Microbes , s. 5.
  5. Bernardi, Michael, Full Translated Bibliography (www.dendarii.com).
  6. Bernardi, Michael, Awards and Nominations (www.dendarii.com).

Boarnen

The Vorkosigan Saga
Dreamweaver's?Dilemma ?? Falling?Free ?? Shards?of?Honor ?? Barrayar ?? The?Warrior's?Apprentice ?? The?Mountains?of?Mourning ?? The?Vor?Game ?? Cetaganda ?? Ethan?of?Athos ?? Labyrinth ?? The?Borders?of?Infinity ?? Brothers?in?Arms ?? Borders?of?Infinity?(ramtferhaal) ?? Mirror?Dance ?? Memory ?? Komarr ?? A?Civil?Campaign ?? Winterfair?Gifts ?? Diplomatic?Immunity ?? Captain?Vorpatril's?Alliance ?? The?Flowers?of?Vashnoi ?? CryoBurn ?? Gentleman?Jole?and?the?Red?Queen