한국   대만   중국   일본 
Emily Ratajkowski - Wikipedy

Emily Ratajkowski

Emily O'Hara Ratajkowski ( utspr. : [??:ta?'ko?ski], likernoch: "ratai kou ski"; Londen , 7 juny 1991 ) is in Amerikaansk model en aktrise fan mingd etnysk komof. Hja krige yn 2013 bekendheid en waard ferheft ta sekssymboal troch har ( topless ) optreden yn 'e fideoklip fan it numer Blurred Lines , fan 'e Amerikaanske sjonger Robin Thicke .

Emily Ratajkowski
model
persoanlike bysunderheden
echte namme Emily Ratajkowski
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 7 juny 1991
berteplak Londen ( Grut-Brittanje )
etnisiteit Dutsk
Iersk
Joadsk
Poalsk
wurkpaad
soarte model fotomodel , manneken ,
neakenmodel
jierren aktyf 2009 ? no
offisjele webside
www.emrata.com

Jonkheid en komof

bewurkje seksje

Ratajkowski waard yn 1991 yn 'e Britske haadsted Londen berne ut Amerikaanske alden dy't op dat stuit (noch) net troud wiene. Har heit is de roomske keunstskilder en tekenlearaar John David "J.D." Ratajkowski , dy't fan Poalsk en Iersk komof is, en har mem is Kathleen Balgley , in joadske perfester Ingelske taal- en letterkunde mei Iersk , Dutsk en Poalsk - Joadsk bloed.

Doe't Ratajkowski fiif jier wie, ferfear it gesin nei it Kalifornyske San Diego , en se brocht har fierdere jonkheid troch yn Encinitas , in foarsted fan San Diego, wylst it gesin frijwol eltse simmer yn Jeropa op fakansje gie, benammen yn Ierlan en op Majorka . Ratajkowski groeide op sunder tillefyzje , en die yn har frije tiid oan fuotbal , amateurtoaniel en ballet . Troch har heite wurk as keunstskilder en tekenlearaar rekke se al jong fertroud mei neakenskilderijen, neakenfotografy en neakenmodellen . Fierders wiene sy en har mem op it stran fan Majorka eltse simmer topless oan it sinnebaaien, wat yn 'e Feriene Steaten noch altyd not done is.

Nei't se yn 2009 in jier oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA) studearre hie, besleat Ratajkowski in karriere as model nei te stribjen. Se modellearre yn 't earstoan fral baaiklean en linzjery , mar krige erkenning as manneken nei't se by in pear reklamekampanjes mei fotograaf Tony Duran wurke hie. Dernjonken die se ek keunstsinnige en eroatyske neakenreportaazjes foar ferskate tydskriften , werunder ien foar it bled Treat! , der't se op 'e cover kaam te stean. It wie dy omslachfoto dy't derta late dat se frege waard foar de fideoklip fan it numer Blurred Lines , fan sjonger Robin Thicke .

 
Emily Ratajkowski yn 2019 .

Feitliks hie Ratajkowski earst gjin belangstelling foar dat optreden, mei't se koart derfoar ek al yn twa oare fideoklips te sjen west hie, en se bang wie om it label "fideoklipmodel" opspjelde te krijen. De regisseur fan 'e klip, Diane Martel , wist har lykwols te bepraten, en sa koe it dat Ratajkowski yn 'e spraakmeitsjende klip mei twa oare modellen ( Jessi M'Bengue en Elle Evans ) topless omdunset wylst Thicke syn lietsje sjongt (der bestiet ek in "oanklaaide" of sinsurearre ferzje foar de kekene Amerikaanske merk). Nettsjinsteande de te ferwachtsjen krityk fan feministen en kristen - funemintalisten (of miskien wol krekt dertroch) waard it numer in geweldich sukses, dat yn 14 lannen it earste plak op 'e hitlisten helle (werunder de Feriene Steaten , Grut-Brittanje , Kanada en Nederlan ).

Ratajkowski fun alle oandacht dy't utgie nei de neakenens fan 'e modellen yn 'e klip mar nuver. Se sei dat it foar har dudlik wie dat soks oanjoech dat de Amerikaanske kultuer net sa'n protte foarutgong makke hie as men ferwachte hawwe soe. Neffens har wurdt yn 'e hjoeddeiske (Amerikaanske) maatskippij seksualiteit underdrukt, wat in ferkearde saak is foar beide geslachten .

Har bekendheid fanwegen Blurred Lines wist Ratajkowski om te setten yn in suksesfolle modellekarriere, mei under mear in baaikleanreportaazje yn it toanoanjaande Amerikaanske sporttydskrift Sports Illustrated en eroatyske reportaazjes yn 'e manljusbleden FHM en Maxim . Dernjonken is se no ek wurksum as aktrise . Foartiid ambiearre Ratajkowski ek al in aktearkarriere, mar doe waard se inkeld cast yn roltsjes as "it gemiene fanke" of "de cheerleader", dy't har net de muoite wurdich wiene. Yn 2009 en 2010 ferskynde se twa kear yn in oflevering fan 'e bernesearje iCarly , in optreden dat se beskoge as har iennichste wiere aktearwurk. Nei Blurred Lines koe se har aktearkarriere lykwols ynienen wol fan 'e grun krije, en sunt hie se rollen yn 'e films Gone Girl (mei Ben Affleck ) ut 2014 , Entourage (as harsels), ut 2015 , en We Are Your Friends (mei Zac Efron ), ek ut 2015.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .