한국   대만   중국   일본 
Dooitze Eelkes Hinxt - Wikipedy

Dooitze Eelkes Hinxt

Dooitze Eelkes Hinxt ( Dokkum , 1741 ? ? Teksel , 20 oktober 1797 ) wie in Frysk marine-offisier. Hy wie in soan fan keapfardijskipper Eelke Tabes Hinxt ut Dokkum. [1] Hinxt stoar oan board fan it marineskip Beschermer oan ferwuningen dy't er oproan hie yn de Seeslach by Kamperduin .

De 12-stiks kotter Snelheid
De Slach by Kamperduin, lofts foar de Gelijkheid en fuort der efter de Beschermer (kapt. Hinxt)

Keapfardijskipper bewurkje seksje

Dooitze Eelkes Hinxt kaam ut in Roomsk-Katolike hushalding. [2] Syn heit wie keapfardijskipper dy't under oaren op it Eastseegebiet fear. Yn de periode 1764-1780 fear Hinxt sels as skipper op it kofskip Aemelia Dorothea . [3]

Fryske Amiraliteit bewurkje seksje

Yn 1782 gie Hinxt yn tsjinst by de Fryske Admiraliteit . Hy waard Luitenant-op-see en krige it befel oer de kotter Snelheid .

Bataafske marine bewurkje seksje

By de ungeregeldheden fan 1787 tusken de Patriotten en Prinsoanhingers bleau Hinxt neutraal, hie er wol kontakt mei Patriotten. Doe't dy yn 1795 oan de macht kamen, sluet Hinxt him oan by de Bataafske marine.

Oantins bewurkje seksje

Dooitze Eelkes Hinxt syn dea krige omtinken yn in protte kranten. De Makkumer dichter Dirk Lenige skreau sels in lofdicht [4] :

 
It gref fan Hinxt yn Huisduinen
GRAFSCHRIFT OP DEN CAPITEIN D.E.HINXT
Hebt ge immer om zijn deugd, die hem deed zegevieren,
Een vaderlandschen held de onsterflijkheid gewijd;
Bataaf, strooi op dit graf dan groenende eerlaurieren,
Ten loon zijns moeds, betoond in 't heetste van den strijd,
Ja, die dit oord genaakt, gevoel een plegtig beven!
Het was voor Nederlands Vlag en 't heil van Bato's strand,
Dat Hinxt, zijn pligt getrouw, voor Egmonds duin moest sneeven.
Dan neen... Hij leeft in 't hart van 't dankbaar VADERLAND. [5]


Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Leeuwarder Courant, 14-08-1952, fia: http://resolver.kb.nl/resolve?urn=ddd:010613331:mpeg21:a0003
  2. Dirk Hendrik Kolff, Driftig van spraak, levendig van gang: herinneringen van marineofficier Dirk Hendrik Kolff (1761-1835) , ed. V.A.J. Klooster (Zutphen: Walburg Pers, 2011), 190.
  3. http://www.gahetna.nl/collectie/archief/ead/index/pagina/2/eadid/1.01.47.09
  4. Leeuwarder Courant, 25-07-1762, fia: http://resolver.kb.nl/resolve?urn=ddd:010616296:mpeg21:a0188
  5. Friesche Courant, 31-10-1797, fia: http://resolver.kb.nl/resolve?urn=ddd:010170257:mpeg21:a0005