한국   대만   중국   일본 
De Haach - Wikipedy

De Haach

gemeente yn de Nederlanse provinsje Sud-Hollan
Gemeente De Haach
Flagge fan de gemeente De Haach        Wapen fan de gemeente De Haach
(Flagge fan De Haach) (Wapen fan De Haach)
Lokaasje fan de gemeente De Haach
Provinsje Sud-Hollan
Boargemaster Jan van Zanen ( VVD )
Haadplak De Haach
Oerflak
- wetter
98,20 km²
- ?15,77 km²
Ynwenners 501.725
Ferkearsieren Stedsrutes, A12 , A13 , A44
Netnumer 070, 015 (Ypenburch)
Postkoades 2491-2599
Offisjeel webstee Offisjele webstee fan de gemeente

De Haach [1] ( Nederlansk : Den Haag , foarhinne: 's-Gravenhage ) is in sted en gemeente yn de provinsje Sud-Hollan , der't it de haadsted fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2005 468.421 ynwenners en hat in gebiet fan 85,65?km 2 (lan). Nei grutte is De Haach de tredde sted fan Nederlan (efter Amsterdam en Rotterdam ), en de sted is foaral wichtich as machtssintrum; de keninginne , de ministerrie en de Steaten-Generaal ( Earste en Twadde Keamer ) hawwe der har residinsje.

It Binnenhof, it politike sintrum fan Nederlan.
Sintrum fan it Plein of sjoen

Yn ferhalding hat it sintrum fan De Haach net in soad alde gebouwen, dat komt om't de sted mar let stedsrjochten krige. In pear histoaryske gebouwen binne der al, lykas it Binnenhof en it Mauritshus , wat tsjintwurdich yn gebruk is as museum. De measte monuminten binne lykwols boud yn de njoggentjinde en tweintichste iuw; it Panorama Mesdag , it Lange Voorhout en resinter it nije stedhus, binne der foarbylden fan. In foarbyld fan moderne boukeunst is Het Strijkijzer .

De Haach hat troch syn besundere lizzing krekt efter de dunen altyd in soad rike minsken oanlutsen.

Yn 1248 festige de Hollanske greve Willem II him op it plak fan De Haach en makke it hjoeddeiske Binnenhof ta syn residinsje. Dat barren wurdt no beskoge as de stifting fan de sted. It plak hjitte doe Die Haghe ; de namme 's-Gravenhage waard earst yn de santjinde iuw optocht, en is dus net de aldste namme. Willem syn soan Floris V liet de Ridderseal bouwe. Hoewol't it de neikommende iuwen woeks ta in plak fan in pear tuzen ynwenners, krige De Haach gjin stedsrjochten, om't de greven harren residinsje leaver sels bestjoere woene.

Ek yn de tiid fan de Republyk bleau De Haach in doarp, ek al waard it wichtiger as regearingssintrum doe't de Steaten-Generaal en de steedhalder har der festigen. Tusken 1600 en 1800 woeks it doarp fan 15.000 nei 40.000 ynwenners, en benammen doarpen as Skeveningen , Wassenaar en Ryswyk waarden ta butenwiken foar de elite. In 1806 krige de sted fan it Franske bewald stedsrjochten, wat lykwols sunt de grunwet fan 1848 gjin steatkundige betsjutting mear hat.

Yn 1870 hie de sted al 100.000 ynwenners, yn 1900 - it De Haach fan Louis Couperus - al 200.000. Yn de sted, dy't altiten mei de elite assosjearre waard, festigen har yn dy tiid in soad arbeiders, yn nijbouwiken lykas de Skilderswyk en it Laakkertier. De Haachske Skoalle makke yn dy tiid namme mei in soad bekende skilders. Ek krige de sted net minder as twa haadstasjons, fan twa spoarbedriuwen: ien oan it spoar fan Amsterdam nei Rotterdam , De Haach Hollanske Spoar , en ien oan it spoar nei Utert , De Haach Steatsspoar .

De gemeente anneksearre yn de tweintichste iuw in tal lytsere gemeenten, lykas Loosduinen en Skeveningen. Resint is usteld ek Ryswyk en Foarburch troch De Haach anneksearje te litten.

Yn de Twadde Wraldkriich wie De Haach in Dutske festingsted.

Gearstalling befolking

bewurkje seksje
Oarsprong ynwenners fan De Haach
Etnyske kategory Persintaazje
Autochtonen 51,3%
Westerske allochtonen [2] 14,8%
Turksk 7,4%
Marokkaansk 5,6%
Surinaamsk 9,5%
Antilliaansk en Aruba 2,4%
Oars net-Westersk 9,1%

Benei de hellte fan de ynwenners is allochtoan (westersk en net-westersk). It part allochtone - ten opzichte van autochtone - ynwenners nimt stadichoan ta. Yn de Skilderswyk en it Transvaalkertier leit it persintaazje allochtonen sunt 2005 ticht by de 100%. Ek yn de wiken Griente- en Fruitmerk, Laakkertier en de Stasjonsbuert wenje mear allochtonen as autochtonen. De gearstalling fan de allochtone befolking ferskilt per buert. De buerten mei de minste allochtonen - westerske allochtonen meirekkene as allochtoan - yn De Haach binne Dundoarp, Kijkdun, Kraayenstein en de Fugelwyk. [3]

De wiken mei de leechste ynkommens it haad fan de befolking binne de Skilderswyk, it Transvaalkertier en Laakkertier en Spoarwyk (alle €9.000,- of leger). De wiken mei it heechste ynkommen it haad fan de befolking binne Benoardenhout, Haachske Bosk (mei in lytse 300 ynwenners) en Westbroekpark/Duttendel (alle €19.000,- as heger).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Busboekje 2005 , Ljouwert, 2005 (KFS), ISBN 9 08 06 25 248 , s. 151.
  2. Persoanen mei in heit en/of mem berne yn Europa (sunder Turkije), Noard-Amearika en Oseanie of Yndoneezje of Japan.
  3. De Haach yn sifers
Sud-Hollan
 
Flagge fan de provinsje Sud-Hollan
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadsted) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlan - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslus - Midden-Delflan - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlan - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
wizigje