한국   대만   중국   일본 
Chanel West Coast - Wikipedy

Chanel West Coast

Chanel West Coast (wiere namme: Chelsea Dudley ; Los Angeles , 1 septimber 1988 ) is in Amerikaansk presintatrise , model , aktrise , rapper , lietsjeskriuwster en realitystjer . Hja waard fan 2009 of bekend troch har gearwurking mei presintator , realitystjer , tillefyzjeprodusint , akteur en profesjoneel skateboarder Rob Dyrdek , earst yn it realitytillefyzjeprogramma Rob Dyrdek's Fantasy Factory , en sunt 2011 yn 'e ynternetfilmkesrubryk Ridiculousness .

Chanel West Coast
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Chanel West Coast yn 2013
Chanel West Coast yn 2013
persoanlike bysunderheden
echte?namme Chelsea Dudley
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1 septimber 1988
berteplak Los Angeles ( Kalifornje )
etnisiteit Iersk
Ingelsk
Russysk
wurkpaad
wurksum as presintatrise , model , rapper ,
lietsjeskriuwster , aktrise ,
realitystjer
medium tillefyzje
wurksum by MTV
bekend fan Ridiculousness
jierren aktyf 2009 ? no
offisjele webside
www.iamchanelwestcoast.com

Libben en karriere bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

West Coast waard yn 1988 berne yn Los Angeles , yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje . Yn twa ofleverings fan Ridiculousness fertelde se sels dat dat se fan Iersk en Russysk etnysk komof is. Neffens oare boarnen is se (ek) fan etnysk Ingelsk komof. Se groeide op as bern fan skieden alden, en libbe in diel fan 'e tiid by har mem yn 'e Los Anzjelynske wyk North Hollywood en in oar diel by har heit yn 'e New York . Har heit wurke as live-DJ , en naam West Coast al mei acht jier mei nei nachtklubs . Hja folge al ier sjong - en dunslessen , en die mei oan ferskate talintejachten en dunswedstriden .

Karriere bewurkje seksje

Muzyk bewurkje seksje

Yn 2009 wurke West Coast mei oan it numer Melting Like Ice Cream , fan Tiffanie Anderson , en it jiers derop oan it numer Tramp , fan Somaya Reece . Letter wie se ek belutsen by it liet PHAMOUS , fan Planet Hollywood , werfoar't se gearwurke mei Midi Mafia . Yn 2011 befestige West Coast dat se in kontrakt tekene hie mei it platelabel Zone 4 , fan Polow Da Don , mar letter ferliet se dy maatskippij sunder der materiaal utbrocht te hawwen. Dat die se neitiid wol op eigen manneboet, en sa untstie it numer I Love Money , dat utbrocht waard as in fergese download.

Yn 2012 tekene West Coast in kontrakt mei it platelabel Young Money , fan rapper Lil Wayne , der't se yn 2013 de mixtape Now You Know utbrocht. Deroan wurken u.m. Snoop Dogg en Robin Thicke mei. West Coast promoate har wurk mei twa grutte toernees troch de Feriene Steaten, de Punch Drunk Love Tour en de Now You Know Tour . Se brocht ek in fideoklip ut foar it numer Been On , der't French Montana oan meiwurke. Fierders wurke se gear mei in oare froulike rapper , Shanell , oan it numer Hittin' Like , foar it sammelalbum Young Money: Rise of an Empire , dat yn 2014 de BET Award foar beste groepsalbum wun.

Yn 2014 sei West Coast dat se uteinset wie mei de opnamen fan har eigen debutalbum. De earste beide singles , Blueberry Chills en New Feeling , waarden yn jannewaris 2014 utbrocht, en de trede, mei as titel Miles and Miles , yn novimber fan dat jier. Yn 2015 kaam de fjirde single ut, dy't Bass in the Trunk hiet.

Tillefyzje bewurkje seksje

Yn 2008 kaam West Coast fia mienskiplike freonen yn 'e kunde mei presintator , realitystjer , tillefyzjeprodusint , akteur en profesjoneel skateboarder Rob Dyrdek . Koarte tiid letter bea dy har in baan oan as resepsjoniste , en sa rekke hja yn 2009 belutsen by Dyrdek syn realitytillefyzjeprogramma Rob Dyrdek's Fantasy Factory , dy't seis seizoenen lang utstjoerd waard op MTV .

Yn 2011 makke West Coast har akteardebut as Sheila yn in oflevering fan 'e MTV-searje The Hard Times of RJ Berger . Datselde jiers frege Dyrdek har om yn 'e mande mei himsels en Steelo Brim de ynternetfilmkesrubryk Ridiculousness te presintearjen. Dat waard in grut sukses, dy't West Coast foar it earst ek buten de Feriene Steaten bekendheid brocht. Dernjonken wurket se fan 2012 of as stimaktrise mei oan 'e tekenfilmrige Wild Grinders , in oar projekt fan Dyrdek, werfoar't se har stim lient oan it personaazje Flipz.

Priveelibben bewurkje seksje

Yn 2012 frege West Coast har eigen fajisemint oan, mei't se $543 oan creditcardskulden hie, in skuld fan $1.000 foar kabeltillefyzje en noch ien fan $9.000 op it med fan abbekatekosten . Yn 2013 waard se troch de rjochter untleste fan dy skulden, mar yn 2014 frege se fannijs fajisemint oan. West Coast hat in Pommeraner dy't fan Weezy hjit, en dy't yn in oflevering fan Ridiculousness ferskynde.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch under: References , op dizze side .