Brett waard yn
1988
berne
yn it
Ingelske
greefskip
Nottinghamshire
. Nei't se de
middelbere skoalle
trochrun hie, wurke se yn 'e
winkel
fan in
muoike
fan harres, der't se
hynstegereid
ferkocht. Dy
baan
holp har om te learen better mei minsken om te gean, mei't se as
tiner
tige
bleu
wie. Yn
2008
, doe't se 18
jier
wie, ferfear se nei de Britske
haadsted
Londen
, der't se no noch wennet. Se folge
opliedings
yn it oanbringen fan
hierekstinsjes
en yn
fysioterapy
foar
hynders
, en wurke op dat leste med by de Danethorpe Race Yard mei
hurddraafhynders
.
Al rillegau nei't se har yn Londen festige hie, krige Brett
wurk
as
glamourmodel
oanbean, en koarte tiid letter begun se ek
neaken te posearjen
.
Fotoreportaazjes
fan har as
centerfold
stiene yn
tydskriften
as
Maxim
en
Playboy
en yn 'e
krante
The Sun
. Fierders posearre se u.m. foar de
linzjerykatalogus
fan
Pabo
. Ek wurke Brett mei oan 'e
pornofilm
Fabulous Boobs 2
, ut
2015
, der't se in
masturbaasjesene
foar opnaam. Nei har eigen sizzen knapt Brett of op
idelteuterij
, en is de beste
manlike
eigenskip in goed
gefoel foar humor
.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|