Tsjom
is in
doarp
yn de
gemeente
De Waadhoeke
. Tsjom leit sudeastlik fan
Hitsum
en
Frjentsjer
en westlik fan
Wjelsryp
en
Winsum
. De doarpskearn fan Tsjom leit om de
Jehannestsjerke
hinne.
De buorskippen
Faltum
,
De Flearen
,
Holpryp
,
Koum
,
Leakwert
,
Tolsum
,
Barrum
,
Hearema
,
De Kampen
,
De Krok
,
Sitlum
,
Doaium
(diel) en
Tritsum
hearre ek by Tsjom.
Op
1 jannewaris
2023
hie Tsjom 1.1.110 ynwenners.
Oannommen wurdt dat de skiednis om it jier 600 foar Kristus begun, doe't minsken harren op it plak fan it hjoeddeiske Tsjom nei wenjen setten. Yn dy tiid lei yn it noarden fan Tsjom in
kwelderwal
, der't doe noardlik ek de Waadsee lei. Eastlik fan Tsjom briek in nei it suden ta streamende slinge troch de kwelderwal hinne. Tocht wurdt dat dy slinge troch de bewenners Laak neamd waard, der't de buorskip Laakwert syn namme oan tanket ('laak': slinge; wert: terp).
Nei in koarte besetting fan it doarp troch de
Romeinen
bleaune de ynwenners yn dit diel fan Fryslan noch minstens twa iuwen lang mei de Romeinen hanneljen. By it ofgraven fan de terp fan Grut Tolsum yn 1914 waard in oarspronklik trijedielich Romeinsk skriuwplankje fun, dat de datum 23 febrewaris fan it jier 29 nei Kristus draacht. De tekst giet oer in skuldferklearring tusken in slaaf en in unbekende skuldner en by de ferklearring wiene Romeinen en in
Bataafske
soldaat oanwezich. It plankje fertsjintwurdiget de meast noardlike
Latynske
tekt fan Europa dy't fun is.
[2]
Doe't de
Franken
it noardwesten fan Fryslan oermasteren, besochten hja de ynwenners ta it
kristendom
te bekearen. Ynearsten wie der ferset, mar om 800 hinne krige ek Tsjom in eigen tsjerkje, dy't foar de
reformaasje
oan
Sint-Jan
wijd wie.
Yn it jier 1516 waard Tsjom troch troepen fan de Swarte Heap besocht. It doarp mei syn houten huzen baarnde folslein of en allinne de stiennen huzen (stinzen) lykas Ald-Herema, Hermana en Hottinga bleaune stean. Folle letter waarden de pleatsen en huzen fan stien boud.
Op 6 juny 1548 waard utein set mei de bou fan de toer fan de Jehannestsjerke, dy't op 20 oktober 1549 foltoge wie. Spaanske troepen stieken de toer yn 1586 yn 'e bran.
Op de
Schotanus-kaarten
(1664 en 1718) stie by Tsjom ek in
standermune
. De mounder sette de
notmune
yn 1791 foar ofbraak te keap.
[3]
De
lanboukrisis fan de jierren 1870
feroarsake in soad wurkleazens under it folk. De gefolgen wiene sa slim dat minsken yn bargehokken wennen. Dat minsken yn sokke omstannichheden ticht op inoar wennen feroarsake syktes en yn 1901 waard derom besletten om de sitewaasje te ferbetterjen troch de bou fan mear stiennen huzen.
De 4,5 meter hege terp fan Tsjom waard yn 1925 oan de noardlike kant en westlike kant ofgroeven. Op de westlike ofgraving leit hjoed-de-dei de iisbaan. It ferhege paad dat ofrint noardlik fan de tsjerke is noch in restant fan de terp. It sudlike diel fan de terp koe troch de bebouwing derop net ofgroeven wurde.
Foar de
gemeentlike weryndieling
fan
1?jannewaris
2018
lei it yn 'e (nije) gemeente
Frjentsjerteradiel
, en foar de weryndieling fan
1984
wie it it grutste plak yn 'e alde gemeente
Frjentsjerteradiel
.
Op de noch altiten grutte terp fan Tsjom stiet de Jehannestsjerke mei de opfallend hege toer. De toer ut
1548
is 72 meter en hat in 41 meter hege spits. Dermei is it de heechste doarpstoer yn Fryslan. Der binne al stedstoeren dy't heger binne. Sa is bygelyks de toer fan 'e
Bonifatiustsjerke
yn
Ljouwert
, fan likernoch 1880, sels 85 meter heech.
Oan de hege toer fan Tsjom hawwe de ynwenners harren by namme 'lyntsjesnijers' te tankjen (sjoch ek under mienskip).
Tichtby Tsjom stean twa
spinnekopmoles
:
Fatum
en
Teatlum
.
Tsjom hat in eigen
feriening foar Doarpsbelang
. It doarpshus
'De Moeting'
stiet oan de Nijbuorsterwei en is underbrocht yn de eardere herfoarme pastorije mei in stik nijbou. It doarpskrantsje fan Tsjom hjit
'Op 'e Hichte'
.
Ynwenners fan Tsjom wurde 'lyntsjesnijers' neamd. Neffens it ferhaal soenen lju fan
Aldeboarn
besocht hawwe de toer fan Tsjom op te mjitten om yn eigen doarp in noch hegere toer te bouwen en der mei te pronkjen. Fan de line dy't de lingte oanjoech sniene de Tsjommers lykwols noch in stik of, dat doe't Aldeboarn in toer boud hie, dy't heger wie as de line lang, wie dy dochs leger as dy fan Tsjom. De ynwenners fan Aldeboarn krigen de bynamme 'tuorkemjitters'.
Healwei
septimber
wurdt yn Tsjom it
Fuel Power Event
holden, it grutste barren op it med fan
trekker- en frachtweinluken
yn
Noard-Nederlan
.
Tsjom hie njonken de earder herfoarme Jehannestsjerke ek in
grifformearde
tsjerke oan de Wommelserwei. Mei't de grifformearden en de herfoarmen tegearre gyngen, waard op 27 jannewaris 2002 foar it lest in tsjinst holden yn de grifformearde tsjerke. It
Bakker & Timmenga
-oargel ferhuze nei de
Grifformeard-frijmakke
tsjerke fan
Apeldoorn
. De grifformearde tsjerke waard neitiid ferboud ta wente.
- It doarp hat in protestantsk-kristlike basisskoalle: de
Staetlanskoalle
. 't Hummelhonk is it pjutteboartersplak.
Buertferienings binne: De Lyntsjesnijers, De Knikkeraaars, Foar de Toer, Smiwofa en Tusken Terp en Wetter.
[4]
(
Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de
hiemside
.)
Jier
|
1840
|
1913
|
1954
|
1959
|
1964
|
1969
|
1974
|
2003
|
2013
|
Ynwenners
|
633
|
1.080
|
1.097
|
1.050
|
1.018
|
1.091
|
1.209
|
1.167
|
1.184
|
Jier
|
2015
|
2022
|
Ynwenners
|
1.164
|
1.080
|
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020:
Alle Cijfers
.)
- Reynier fan Tsjom
(1600-1670) keapman yn
Japan
en boargemaster yn
Drylts
- Jorit Martens
(??1628), seeman
- Jan Melles van Dijk
(1830-1909), dumny
- Oebele Stellingwerf
(1848-1897), sjoernalist en politikus
- Johannes Belksma
(1884-1942), sindeling
- Anne Hallema
(1893-1973), histoarikus
- Jacob Noordmans
(1928-2017), ald-haadredakteur Ljouwerter Krante
- Piet Paulusma
(1956-2022), waarman
- Sjoukje Iedema
(1962), keunstner
- Liuwe H. Westra
(1966), oersetter, dumny, universiter undersiker klassike talen.
- H. Kreger
- Byld fan Ald Tsjom
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
?Ofbylden dy't by dit underwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Tsjom
fan
Wikimedia Commons
.
|
|