Beat Feuz ( Schangnau , 11 febrewaris 1987 ) is in earder Switsersk skyer . Feuz wie spesjalisearre yn de ofdaling en de Super G. Hy waard yn 2017 yn Sankt Moritz wraldkampioen op de ofdaling, by de wraldkampioenskippen yn 2015 yn Beaver Creek en yn 2021 yn Cortina d’Ampezzo waard er beide kearen tredde op de ofdaling. Yn 2022 waard er yn Peking Olympysk kampioen op de ofdaling. By de winterspullen fan 2018 yn Pyeongchang wun Feuz sulver op de Super-G en in brunzen medalje op de ofdaling. Yn jannewaris 2023 nei de Hahnenkammofdaling yn Kitzbuhel hold Fuez op mei skyen op heech nivo. Feuz hat in relaasje mei de eardere Eastenryske skyster Katrin Triendl , en hat mei har twa bern.