한국   대만   중국   일본 
Koade giel mei Fytsalvestedetocht: kans op tonger, hagel en in kreftige wyn - Omrop Fryslan

Koade giel mei Fytsalvestedetocht: kans op tonger, hagel en in kreftige wyn

Siebo Mollema foarseit kâns op in buike op pinkstermoandei
ⓒ Martin de Jong Fotografie / Omrop Fryslan
De reinklean mei of de gok weagje? Dielnimmers oan de Fytsalvestedetocht moatte pinkstermoandei rekken halde mei hurde wyn en de kans op in bui, foarseit waarman Siebo Mollema.
"Mei de ynformaasje dy't ik no ha, gean ik derfan ut dat it yn de middei net hielendal druch bliuwt", seit Mollema.

Koade giel

It KNMI jout foar moandei yn Fryslan koade giel of. De warskoging jildt foarearst fan 14.00 oant 20.00 oere. It ynstitut warskoget foar kans op tonger en pleatslik in soad rein en hagel, mei mooglik wetteroerlest.
Ien foardiel foar de fytsers hat Mollema wol: "De measte kans op in bui is yn it easten fan de provinsje, by de kust nimt de kans wat of. Foar de alve steden tink ik dat de kans op in bui sa'n 50 prosint is."

Wyn matich oant frij kreftich

Kommende nacht kuollet it al behoarlik of, nei sa'n 12 oant 14 graden. De betide starters oan de Fytsalvestedetocht sille dat noch fernimme. "De wyn is dan swak, mar dy nimt yn de middei ta nei matich oant frij kreftich. De pyk fan de hurde wyn sit tusken 16.00 en 17.00 oere."
De temperatuer komt moandei ut op 19 of 20 graden.
"Fierder wurdt it in ofwikseling fan wolken en sinne", foarseit Mollema. "Moandeitejun en -nacht bliuwe wol druch."

Omrop Fryslan is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia us WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s ut Fryslan en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.