한국   대만   중국   일본 
Sulveren medalje foar fierspringer Joel de Jong op WK para-atletyk - Omrop Fryslan

Sulveren medalje foar fierspringer Joel de Jong op WK para-atletyk

Joël de Jong (rjochts) en Noah Mbuyamba
ⓒ Atletykuny
Fierspringer Joel de Jong hat in sulveren medalje behelle op it WK para-atletyk yn Japan. De 22-jierrige Harnzer sprong nei 7,04 meter.
De gouden plak gie nei de Dutske Leon Schafer mei 7,22 meter. It bruns gie nei de Nederlanske Noah Mbuyamba, in ploechgenoat fan De Jong.
De wraldkampioenskippen para-atletyk binne dit jier fan 17 oant en mei 25 maaie yn it Japanske Kobe. De wedstriden binne it leste grutte toernoai foar de Paralympyske Spelen fan dizze simmer yn Parys.

Parasportman fan it Jier

De Jong wun foarich jier ferrassend WK-goud op de 100 meter sprint (T63-klasse, skonkamputaasje op of boppe de knibbel) en bruns by it fierspringen. Nije wike stiet de 100 meter op it programma.
Ferline jier waard De Jong ferkeazen ta Parasportman fan it Jier. De Harnzer hopet dit jier op de Paralympyske Spelen ek in gouden medalje te winnen.

Omrop Fryslan is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia us WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s ut Fryslan en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.