한국   대만   중국   일본 
Fan bernedisko oant 'stieggooien': hunderten wenweinbewenners fiere kultuer en tradysjes - Omrop Fryslan

Fan bernedisko oant 'stieggooien': hunderten wenweinbewenners fiere kultuer en tradysjes

It is in reüny fan famyljes en bekenden op It Hearrenfean
ⓒ Omrop Fryslan
Hunderten wenweinbewenners ut binnen- en butenlan binne dit pinksterwykein op It Hearrenfean foar de jierlikse kulturele gearkomste. Nei mear as fjouwerhundert jier op itselde plak, yn Aldskoat, ha se dit jier in nij terrein oanwiisd krigen.
De organisaasje moast dielnimmers ut Dutslan en Frankryk teloarstelle, omdat der plak is foar net mear as 250 weinen. De belangstelling foar de tradysjes en de kultuer is dus grut.
Reizgjende wenweinbewenners komme by inoar op It Hearrenfean
It is in reuny fan famyljes en bekenden om by te praten, ferhalen ut te wikseljen en nei tsjerketsjinsten, de bernedisko en bingo te gean.
"Maar we hebben ook heel oude, traditionele spelletjes", seit Lenie Gerrits fan de organisaasje.
"Zoals 'stieggooien'. Daarbij zet je een blik 21 meter verderop en wie het dichtst bij het blikje komt, heeft dan een punt. En wie het blikje omgooit heeft drie punten."
It smiten wurdt mei stiennen dien.
Jozef Vermanen (84) komt alle jierren op de fyts, ûnder oare foar it 'stieggooien'
ⓒ Omrop Fryslan, Ronnie Porte
En de gearkomste is in gelegenheid om in partner te finen ut de eigen kultuer, seit Grada Wolters fan de organisaasje. "Wij trouwen niet voor de wet, wij noemen het weglopen. Hier komen families bijeen. Een stelletje gaat samen weg en dan zijn ze getrouwd voor ons."

Foaroardielen weinimme

Mei it iepen karakter fan de gearkomste hoopje se ek dat minsken posityf nei de wenweinkultuer sjen sille, want foaroardielen komme se noch in protte tsjin.
Wolters jout in foarbyld: "Mijn kinderen waren op school en die zeiden 'wij gaan naar de wagen', en niet 'wij gaan naar huis'. Toen werden ze op de vingers getikt, want ze moesten van school zeggen 'we gaan naar huis'. De vooroordelen die er zijn, worden zo dus doorgegeven aan de jongere generaties."
Foar de bingo is in soad belangstelling
ⓒ Omrop Fryslan, Ronnie Porte
Fierder giet it by de kulturele gearkomste foaral om gesellichheid mei inoar. It hichtepunt is de Skoattermerk yn Aldskoat op pinkstermoandei, der't al generaasjes lang hynstehannel dien wurdt.
Tiisdei brekke de wenweinbewenners wer op.

Omrop Fryslan is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia us WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s ut Fryslan en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.