한국   대만   중국   일본 
Grut gebou by de Aldehou: 'Bouwurk' moat trekpleister fan Arcadia 2025 wurde - Omrop Fryslan

Grut gebou by de Aldehou: 'Bouwurk' moat trekpleister fan Arcadia 2025 wurde

Bouwe oan de makette fan Bouwurk
ⓒ Omrop Fryslan, Ronnie Porte
As opfolger fan it kuierjende Bosk en De Reuzen fan Royal de Luxe komt Arcadia takom jier mei in grut, tydlik bouwurk, der't elkenien oan meidwaan kin. 'Bouwurk' is ien fan de mienskipsprojekten fan hundert dagen oan kulturele manifestaasjes.
Kreativelingen, minsken mei ideeen en oare belangstellenden kamen nei de ynspiraasjedagen fan Arcadia yn stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert.
Mei under mear makettes, legokastelen en ynstallaasjes mei keunstmjittige yntelliginsje liet de organisaasje de ferskillende aktiviteiten en mooglikheden sjen om mei te dwaan.
Bouwurk wurdt de grutte attraksje. Dat gebou moat op it Aldehoustertsjerkhof komme te stean. "We gaan de Oldehove afbouwen", seit artistyk lieder Sjoerd Bootsma grapkjend. De skeve toer fan Ljouwert soe oait folle heger wurde, mar dat gong net mear troch doe't er begun te fersakjen.
'Bouwurk' moat trekpleister fan Arcadia 2025 wurde
"Groot durven dromen hebben we geleerd", seit Bootsma. Hy ferwiist nei de foarige grutte projekten yn Ljouwert de ofrune jierren, lykas Bosk en de Reuzen. "Eigenlijk wilden we een vervolg maken op onder andere het wandelende bos."
Sa wol Bootsma dat der takom jier in 'mienskipshus' op it Aldehoustertsjerkhof komt te stean, makke troch minsken ut de hiele provinsje. "Daarbij nodigen we mensen uit om alle materialen te gebruiken. Lego, takken, noem maar op."

Mear projekten

Njonken Bouwurk binne tal fan oare eveneminten underdiel fan Arcadia. Sa binne der njoggen projekten fan keunstners dy't keunst en kultuer ynsette tsjin iensumheid, lykas Wolwezen.
Wolwêzen: ien fan njoggen projekten fan keunstners dy't keunst en kultuer ynsette tsjin iensumheid
ⓒ Omrop Fryslan, Ronnie Porte
Geartsje van der Zee is ien fan de inisjatyfnimmers. "Us utgongspunten wiene us eigen wolwezen en dat fan us natuerlike omjouwing. Sa kamen we ta de fraach: watfoar materiaal kinne je bruke wermei't je de omjouwing gjin skea oandogge? We kamen ut by wylgen en wol."
It projekt wurket mei jongeren dy't ek wol wat mear wolwezen bruke kinne, leit se ut. "Sy ha yn Jorwert dagen mei boud oan dit 'skulplak'. En dit is in reisbere lokaasje, dus we sille op 'en paad troch Fryslan en Grinslan."
Op 17 maaie takom jier set Arcadia utein mei in programma fan hundert dagen oan kulturele manifestaasjes.

Omrop Fryslan is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia us WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s ut Fryslan en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.