한국   대만   중국   일본 
Yllegale stjoerder De Stille Genieter draaide troch wylst Gooitzen de Haan yn de bak siet - Omrop Fryslan

Yllegale stjoerder De Stille Genieter draaide troch wylst Gooitzen de Haan yn de bak siet

Gooitzen de Haan, alias De Stille Genieter
ⓒ Omrop Fryslan
Hy soe noch graach ien kear weromkomme wolle mei De Stille Genieter. En dan krekt salang trochgean oant de plysje him pakt. De 78-jierrige Gooitzen de Haan fan De Harkema, wraldferneamd benammen yn de Walden, is ferslingere oan syn geheime stjoerder.
Sunt 1971 brocht De Haan ut De Harkema mei syn piratestasjon Hollansktalige en Frysktalige muzyk yn de eter. Minsken koene telefoanysk in fersykje yntsjinje.
Letter kamen der religieuze lieten by. Gjin koarmuzyk, want "dat pakt my net", fertelt De Haan. Hy wie wol kristlik, mar gjin tsjerkegonger.
De Stille Genieter oan it útstjoeren
ⓒ Omrop Fryslan
De stjoerder 'De Stille' is syn lust en syn libben, mar besoarge him ek in strafbled. It wie yllegaal wat er die. Hiel faak waard er trappearre. Syn apparatuer waard yn beslach naam. Dan kocht er ek wer nije, want de stjoerder hjit dan wol 'De Stille', mar soe net foar ivich it swijen oplein wurde.

Syktewet troch finzenisstraf

Syn jild fertsjinne De Haan yn de wegebou. Utfierder wie er. Syn yllegale aktiviteiten, mei as djiptepunt de kearen dat er in straf utsitte moast yn it gefang, ha him wat wurk oanbelanget net yn de problemen brocht. Hy is wolris twa wiken de syktewet yn gien, as er sitte moast.
It is ek wolris bard dat De Stille Genieter gewoan trochgie mei utstjoeren, wylst De Haan yn de bak siet fanwege yllegale stjoerderij. Hie er sa regele.
De platesaak fan Gooitzen de Haan op De Harkema
ⓒ Eigen foto
De namme De Stille Genieter hat De Haan oernaam fan in gemeentemeiwurker dy't ophalde woe mei yllegale stjoerderij. Ommers: it soe him wolris syn baan kostje kinne.
"Ik sei: 'Mei ik dan dy namme ha?' 'Jawol', sei er. Sa ha ik de namme De Stille Genieter krige. Letter bin ik ek begun mei plaatsjes utbringen under dy namme."
De Stille Genieter is dus tagelyk ek de namme fan De Haan syn hannel yn cd's, dvd's en finyl. Syn eigen platen ferkeapet er fansels ek yn de winkel. En hy wie anneks mei de organisaasje fan piratefeesten foar jong en ald.

Kat en mus

Oer wat er allegearre meimakke hat mei opspoaringsamtners en de kearen dat er foarkomme moast, wit De Haan smout te fertellen. Ruchwei om it jier sieten se achter him oan. It wie dan in kat-en-musspultsje.
Dernei wie er wer de gewoane jonge. Ek yn de omgong mei dejingen dy't him achter sieten. Mei-inoar in bakje kofje drinke en sa.
O, binne jimme der ek wer?
De Haan seach net op in plysjeynfal mear of minder
It plaatsje draaien foar de radio is hiel belangryk foar De Haan. Sels al soe er der no noch twa of fjouwer wiken selstraf foar krije, dan noch soe er it sa wer dwaan.
"Dat makket my neat ut. Yn de sel krijst iten en drinken. Kinst dysels waskje. Kinst biljerte. Wat wolle jo noch mear?"
Op it lest skrok er ek net mear fan in plysjeynfal. "O, binne jimme der wer?" Hy sjocht himsels net as in krimineel.
Gooitzen de Haan oan it útstjoeren
ⓒ Omrop Fryslan
Hat De Haan it dan net dreech han yn de finzenis? "Nee, hear. Al dy bewarders kamen by my om platen."
Oan de oare kant sjocht er wol dat sa'n straf guon minsken gjin goed docht. "Ast net goed by de holle bist, kinst der better net sitte. Want dan meitsje se dy noch gekker."

Bearenburch yn kolaflesse oer de finzenismuorre

Yn de Blokhuspoarte - doe noch finzenis - hiet it dat der gjin alkohol te krijen wie. Dat bewearden "de Rotterdammers en Amsterdammers", minsken dy't fan omfierrens kamen. De Haan sette syn konneksjes yn de sted Ljouwert yn.
"Rommy kaam alle woansdeis by my op besite. Ik wie de iennige dy't der wurkje mocht. By dy hege muorre. Altyd as ik derhinne gie mei de kroade, lei ik myn skepke, in tunklauwer en myn jas derop. Plus in flesse kola."
De Blokhúspoarte yn Ljouwert
ⓒ Omrop Fryslan, Joris Kalma
"Ik sei tsjin Rommy: Do moatst fannacht efkes bearenburch yn in kolaflesse oer de muorre smite. De oare moarns socht ik tusken de brannettels de flesse en naam 'm mei. Dat soart grappen. "
De Haan laket. "Moaie tiid ha we han."

Rommy en De Haan as bruorren

Syn namme is krekt al neamd: Rommy. De ferneamde sjonger is de reade tried yn De Haan syn libben. Hy ferstoar yn 2007. Oant de dei fan hjoed is dat in grut drama foar De Haan, dy't ek Rommy syn platen utbrocht.
"Rommy en ik wiene as twa bruorren. Hy wie in leave jonge mei utstrieling. Koest net lilk op him wurde."
Gooitzen de Haan (rj.) mei syn maat Rommy Henstra (l.)
ⓒ destillegenieter.nl
Earste krystdei 2006 presintearre Rommy syn cd Ave Maria . Hy hie doe al in protte lest, fertelt De Haan. Mei medikaasje gie de pine efkes oer.
"Op it poadium stie in hiel oare Rommy. Hy wie oan it dunsjen. Noch gjin moanne letter krige er te hearren dat er kanker hie." It jier dernei ferstoar Rommy.
Harkje nei it petear dat Willem de Vries hat mei Gooitzen de Haan, under oare oer de piratefeesten: "Frans Bauer betelle ik 250 gune."
De Haan fynt it dreech om deroer te praten, mar wat him noch wol yn 'e wei is, is dat er it net ofsluten hat sa't er it woe. Syn idee wie om in leste plaat fan Rommy ut te bringen. De opbringst soe nei it underhald fan Rommy syn gref gean moatte.
Mar Rommy syn famylje wie der net oer ynljochte. It kaam uteinlik ta in rjochtsaak . Foar de rjochter joech De Haan ta dat er it sizze moatten hie tsjin de famylje. De plaat is der oant de dei fan hjoed net kaam.
Stil sitte docht de Harrekyt net. Syn motto is: As jo it netsjes om de doar ha wolle, dan ha jo wurk genoch.