•  


CC BY-NC 4.0 Juridysk Skrift | Nammeneamen-NetKommersjeel 4.0 Ynternasjonaal | Creative Commons Gean nei de ynhald

Nammeneamen-NetKommersjeel 4.0 Ynternasjonaal

CC BY-NC 4.0

Juridysk Skrift

Version 4.0 ? See the errata page for any corrections and the date of change

About the license and Creative Commons

Creative Commons Corporation ("Creative Commons") is gjin advokatekantoar en jout gjin juridyske tsjinsten of juridysk advys. De fersprieding fan Creative Commons publike lisinsjes ropt gjin juridyske relaasje of oare relaasje mei Creative Commons yn it libben. Creative Commons stelt syn lisinsjes en dermei ferbune ynformaasje ‘sunder garansje’ beskikber. Creative Commons biedt gjin garansjes oangeande syn lisinsjes, watfoar under dizze betingsten of kondysjes lisinsearre materiaal ek, of hokfoar oare dermei ferbune ynformaasje. Creative Commons slut alle oanspraaklikheid ut foar watfoar skea dan ek folgjend ut it bruken derfan, yn?’e romst mooglike sin.

It bruken fan Creative Commons Publike Lisinsjes

Creative Commons publike lisinsjes biede in standert rige betingsten en kondysjes dy’t makkers en oare rjochthawwers bruke kinne om oarspronklike auteurswurken en materiaal der’t auteursrjocht en beskate oare rjochten op reste ut te wikseljen lykas oanjun yn de publike lisinsje hjirunder. De neikommende oerwagingen binne allinne bedoeld foar ynformative doelen, se binne net utputsjend en meitsje gjin part ut fan us lisinsjes.


Oerwagingen foar lisinsjejouwers

Us publike lisinsjes binne bedoeld foar it bruken troch rjochthawwers om it publyk tastimming te jaan om materiaal te bruken op manieren dy’t oars beheind weze soene troch it auteursrjocht en beskate oare rjochten. Us lisinsjes binne net-ynlukber. Lisinsjejouwers wurdt oanret om de betingsten en kondysjes fan de lisinsje dy’t hja kieze te lezen en te begripen foar it tapassen derfan. Lisinsjejouwers binne ferplicht om alle nedige rjochten feilich te stellen foar it oanbringen fan us lisinsjes, sadat it publyk it materiaal nei ferwachting opnij bruke kin. Lisinsjejouwers moatte oanjaan hokker materiaal oft net under de lisinsje falt. Dat omfettet oar Creative Commons lisinsearre materiaal, of materiaal dat under in utsundering of beheining fan it auteursrjocht brukt wurdt. Mear oerwagingen foar lisinsjejouwers.


Oerwagingen foar it publyk

Troch it bruken fan ien fan us publike lisinsjes jout in lisinsjejouwer it publyk tastimming om het lisinsearre materiaal te bruken under beskate betingsten en kondysjes. As tastimming fan de lisinsjejouwer net needsaaklik is om hokker reden dan ek ? bygelyks as gefolch fan in wetlike utsundering of beheining fan it auteursrjcht ? dan is dat gebruk net regele troch de lisinsje. Us lisinsjes jouwe allinnich tastimming der’t in lisinsjejouwer it foech hat under it auteursrjocht en beskate oare rjochten. It bruken fan it lisinsearre materiaal kin beheind wurde om oare redenen, en derunder it gefal dat oaren auteursrjocht of oare rjochten hawwe op it materiaal. In lisinsjejouwer mei spesjale fersiken dwaan, lykas freegje om alle wizigingen bekend te meitsjen of te omskriuwen. Hoewol’t dat gjin eask is neffens de lisinsje, moedigje wy jo oan om ridlike fersiken te respektearjen. Mear oerwagingen foar it publyk.

About Creative Commons

Creative Commons is gjin partij by syn publike lisinsjes. Lykwols kin Creative Commons der foar kieze ien fan de publike lisinsjes ta te passen op materiaal dat it sels publisearret, en yn dy gefallen sil Creative Commons beskoge wurde as de "Lisinsjejouwer". De tekst fan de Creative Commons-publike lisinsjes is tawijd oan it publike domein under de Creative Commons CC0 Publike Domein Ofstansferklearring . Utsein it beheinde doel om te witten te dwaan dat materiaal under in Creative Commons Publike Lisinsje frijjun is, of oars tastien is op grun fan it belied fan Creative Commons publisearre op creativecommons.org/policies , jout Creative Commons gjin tastimming foar it bruken fan it merk "Creative Commons" of hokfoar oar merk of logo fan Creative Commons dan ek sunder skriftelike tastimming yn ’t foar en derby, sunder beheining, yn ferban mei unautorisearre wizigingen oan ien fan syn iepenbiere lisinsjes of alle oare regelingen, ofspraken of oerienkomsten oangeande it bruken fan lisinsearre materiaal. Foar alle dudlikheid, dizze paragraaf makket gjin part ut fan de publike lisinsjes.

Jo kinne kontakt opnimme mei Creative Commons op creativecommons.org .

Creative Commons is the nonprofit behind the open licenses and other legal tools that allow creators to share their work. Our legal tools are free to use.

- "漢字路" 한글한자자동변환 서비스는 교육부 고전문헌국역지원사업의 지원으로 구축되었습니다.
- "漢字路" 한글한자자동변환 서비스는 전통문화연구회 "울산대학교한국어처리연구실 옥철영(IT융합전공)교수팀"에서 개발한 한글한자자동변환기를 바탕하여 지속적으로 공동 연구 개발하고 있는 서비스입니다.
- 현재 고유명사(인명, 지명등)을 비롯한 여러 변환오류가 있으며 이를 해결하고자 많은 연구 개발을 진행하고자 하고 있습니다. 이를 인지하시고 다른 곳에서 인용시 한자 변환 결과를 한번 더 검토하시고 사용해 주시기 바랍니다.
- 변환오류 및 건의,문의사항은 juntong@juntong.or.kr로 메일로 보내주시면 감사하겠습니다. .
Copyright ⓒ 2020 By '전통문화연구회(傳統文化硏究會)' All Rights reserved.
 한국   대만   중국   일본